De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 106] [p. 106] Freark Dam: Lagerlietsje Winter '44-'45 Yn Hamburg, yn Kassel, yn Hemmingstedt Draeit it semint troch de mounen. Dy draeije moarnsier, dy draeije jouns let, En de kuch is allinne foar sounen. Yn Hamburg, yn Kassel, yn Hemmingstedt Klinkt jouns soms de Marseillaise. Yn in oare barak sjongt in iensume Let. ... En dàt koe ‘it Aldershûs’ wêze... Yn Hamburg, yn Kassel, yn Hemmingstedt Is min oan 'e dea to ûntkommen. Nachts weaget noch ien in mislearre gebet... Hark, op' e stêd falle bommen. Chanson sentimentale In oardinair refrein, mar ik ha rêst noch dûr, Wier is it: ‘Je suis seul ce soir, sans ton amour.’ Ik liz de pinne del, 't is wetter nei de sé: Ik hjir yn Ljouwert, dou yn Eastersé. Al smook in joun de iene sigaret nei de oare, De wrange neismaek fan it liet bliuwt ûnforoare. ‘Avec mes rêves,’ njuentsje ik noch ik kear, Mar ek oan dreamen leau ik amper mear. Ik sykje helpeleas omdôch om heil. Of sjongstou súntsjes mei joun: je suis seul...? [pagina 107] [p. 107] Sliepsankje Hwerom liz ik hjir allinne Leistou jinsen yn iensumheit, Ien wurd miskien en wy wiene Ré ta gemiensumheit, Dou naemst myn forbittere fragen Wei yn dyn stil gebeart', Dou hast ek, nachten en dagen, Neat oars bigeard. Lyk as de ierde in deade Burgen dyn earmen my, Bifrijd fan mysels en foriene: It eigen bistean foarby. Hwerom liz ik hjir allinne. Vorige Volgende