De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 105] [p. 105] Anne Wadman: Ofskriuwer Forflok en forflok it, tsienris, dit simpel blêd papier, dêr 't har hân wis en koel oer gien is. Forflok. Mar forlûk gjin spier. Untsiferje de halen, bigien yn kâldbloedige drift, fan dit foar gjin hert to fortalen spytgnyskjend spikerskrift. Biglimkje dom en skynhillich, ta 't lefste selsforried ré, dit stillibben, saeklik, goedwillich, mei moarnsbrogge, krante en thé. Forflok en forflok har tsienris, hwaens hânpalm wreed en rebels oer dit warleas papierflak gien is. Mar tsienris mear dysels. Gedicht foar har allinnich Foar har allinnich skreau ik dit gedicht, en net út idelheid of oare reden fan selssucht of út deiske skriuwersplicht, of om to ûntkommen oan âldfeinteneden. Mar om ien amerij, ien ûre allicht, 't âld sear to konfrontearjen oan 't optheden, yn dy biwende glâns fan har gesicht, 't tobinnenbringen fan har tearichheden. Hja sil it wol net lêze, nei gedachten, omt myn ynwindichheden dwers en tier myn eindom bliuwe en folslein privé. Mar God, as, litt' wy sizze oer fjirtich jier, Jo myn fordien bistean foltôge achten, - jow my forjitnis, - hàr dit smel cahier. Vorige Volgende