De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 103] [p. 103] Fedde Schurer: Peaske De kostgongers fan ús Leaven Hear Binne ús goefriezen noch lang net mei klear, Dêr moatt' hja mar net mear omhinne lige; It folkjen dêr 't ús Heare it op hâldt Dat kroasket faek wûnderlik troch de wrâld En har reputaesje is net sa tige. Dy leauwe oan alles hwat nuver is Oan himelfeart en forrizenis, Dy hâlde noch út dat hja Him seagen Al glimkje ek de geefste geasten fan 't lân Om har lyts bigryp en har ûnforstân En har abnormale en steksjogge eagen. De evenredigen witte it: frouljue en drank Binne der ivich en erflik mei mank En sette de fantasij oan it wurkjen; In soun en bisêddige psycholooch Hat hjir gjin forlet fan in djipgeand bitooch, Dy sjocht sa de goarre út har eagen fjurkjen. Hwa wiene syn freonen dan al mei al? In froumins, in typysk hystearysk gefal Har forline wie fol dubieuze dingen - In swankebast bûten brein en rie, In fiskerman dy 't gjin byt mear hie, En twa swiersettige doarpelingen; In omstipper dy 't by de wegen giet, Ien dy 't op 'e brêge to wiisbouwen stiet Wylst in oar forslacht yn wurk en drokte; [pagina 104] [p. 104] En ien sels, dy 't by wyt en swart Syn kunde oan Him forleagne hat En Him yn it iepenbier forflokte - Salang dit naesje yn 'e bibel bliuwt En in knap theolooch der hwat lêsbers oer skriuwt Meije hja as hill'gen hinnebruije, Mar as it krankyl oer de Nijstêd rint En hjir syn extreme forhalen bigjint Dan moat in bihoarlike Fries der fan spuije. Dochs forrize hja wer út elke amtlike dea En hja fiere syn oantins by wyn en by brea En hja sjonge - faek falsk, alteast tige midsmjittich - Fan in Heilân dy 't stoar en wer riisde út syn grêf, Fan de ynlike treast by syn stôk en syn stêf - En dat yn njoggentjinseisenfjirtich. Mar Jezus, jow dat ek myn yntellekt Mei it slútsegel hjoed fan Jins grêfstien brekt En lit my dan stean yn dat sútrich formidden; Mei swalker en smeont en forrieder en hoer Untstek ik it feestlike peaskefjûr Gean ik to sjongen en to bidden; Hwant ek ik haw Jo kennen en 'k libbe mar ta Wy witte gjin efterdoar, ikke noch hja En hwa oars as Jo sil ús genêze? Ja wy sizze de âlde groetenis Dat Jezus Kristus forrize is En it sil Peaske, Peaske wêze. En al giet ien en oar faeks wol minder goed, It hert bliuwt dochs waerm en hat nea gjin noed En it each stiet op fiere kimen slipe - Mar de notabele docht sines yn wearze ticht Hwant sa min as fan in modern gedicht Sil hy hjir ea ien spoen fan bigripe. Vorige Volgende