De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Ernst Huisman: Forlangen Sitst by de tafel, hiel allinne, En dat op dizze Sneintojoun. Wylst oaren om in faem út binne hastou dyn eigen keamer foun. Dêr rûze jountiid-melodijen Ut 't kastke yn de skimerhoek'. It lampljocht glânzet sêft en mijen Oer skriuwersark en stúdzjeboek. De pinne yn 'e hannen nommen, Sjochst foar dy út, as hiestou eat To útrjen, mar gjin wurden komme. En och, 't jowt allegearr' ek neat. Vorige Volgende