Fedde Schurer:
By de nije bondel fan Douwe Tamminga
D.A. Tamminga, ‘Nije Gedichten’
Fa. J. Kamminga - Dokkum 1945
Yn ‘25 Fryske Dichters’ neamde ik Douwe Tamminga de sintrale figuer fan de trêdde generaesje, wie it ek ûnder protest fan R.P. Sybesma. De forskining fan dizze bondel ‘Nije Gedichten’ jowt my in klinkend gelyk. Liet Tamminga ûs yn Brandaris de dichter yn oanliz sjen, gâns fragen iepenlittend oer de kant dy 't er útgean soe, oer syn talint koe nimmen yn twivel bliuwe. Yn'e ≥ Balladen en Lieten hat dit him wreide yn'e bridte. Yn Nije Gedichten folget op dizze horisontale in verticale ûntjowing, de djipte en de hichte yn. Dertusken falle de intermezzi fan It Griene Jier, dy wûnderlike frouwedream as reäksje op 'e manlike Balladen, en Leksums mei har grimmitich útwierjen fan wrok en âld sear op inkelde goelju dy 't de skriuwer tafallich foar it mes kamen.
Dit oeuvre jowt is it rjocht to sizzen dat hjir in dichter oan it wurd is fan in formaet dat Fryslân net earder kennen hat. Dat seit maklik, mar de biwysstikken lizze hjir op tafel.
Hwa hat sa ynfrysk skreaun as Douwe Tamminga, hwat syn tael oangiet, hwa sa boppefrysk yn'e sin fan West-Jeropeesk neffens geast, ynhâld en foarm?
Hy hat wol sa folslein brutsen mei elke Fryske dichterstradysje dat it wol liket oft er gjin forline en gjin foargongers hie; noch fan Gyslert Japiks, noch fan Harmen Sytstra, noch fan Piter Jelles of fan Douwe Kalma fynt men yn syn wurk in spoar werom. It forline hat ek syn niget, sûnder mis (Ballade fan'e Ridderslach, Raerder Bosk) mar as object, net as libbene en djippe ynspyraesjeboarne; de lûden dy't yn him neiklinke binne dy fan ‘de genoten van deez' felle tijd’; it binne Gossaert en Rilke, Buning en Marsman.
Lit ûs der net om hinne helje: Ortega y Gasset en Walter Schubart sizze ús minsken fan dizze tiid, mear as Jancko Douwama en Joast Halbertsma, en as wy werom gripe op