De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 97] [p. 97] [Nummer 4] O. Postma: Ierdereis O heit en mem, de reis is net forlern, Ik haw myn part wol hawn fan leaflik' ierd', Fan ljochte wolkens op har suver paed, Fan sêft forweegjen fan it speegljend wiet. Jimm' haww' my jown fan eigen goed bistean, Sa hie ik rjochtlik plak yn opgongs tiid; In bern, dat oefte naem út eltse tsjilk, En ta al libbens bûnte driuwen bliid. Soms tink ik wol: dat is net heite styl, Dat is net memme leafde-kleare dwaen; Mar ta de stam kaem fierste libbensdrift En eltse ljochte knop hat nij ûntjaen. Hwat op himsels, mar net ôfwêzich dochs; In libben minske, mear as man of frou; Foar alles iepen: fan de geast birierd, Mar djipyn't earste ierdsk bigearen trou. Nou is 't safier, it lichem is bitard, De siele hat net 't âld formogen near, En hwat er wêze moast freugd fan myn jeld, Dat kin ik - ûnlokstiid! - net reedzje nei bigear. De tiden binne great fan moed en krêft, Mar ek fan ramp en flok. Hwat d'ierde boun As elemint, wurdt striel dy't foltsen slacht. Is dit it ein? Hwa hoedet d'âlde groun? De leaflikens fan ierde, loft en sé In dream, as oare, dichters tabitocht. Of riist er noch, yn wramen sûnder De libb'ne siele eat fan duorjendst l Vorige Volgende