Hwa is dizze jongkeardel, dy't oer de kreas oanharke paden, dwers troch de daeljeparken en fioeltsjebêdden fan ús Fryske lettertún de bolle loslit?
Hwa smyt hjir grouwe stiennen yn 'e suvere spegel fan ús folkssiele? Hy doar it bistean en nim Jan Jelles Hof en Johann Sebastiaan Bach yn 'e govert fan syn spot, hy stekt in lange tonge út tsjin it libben en lûkt gesichten tsjin 'e dea.
Hwa't it is? O, nimmen frjemd. It is ien fan ús jongerein, dy't it oan 'e strôte ta sit. Komt dat net to pas? Né, bêst; mar is it in wûnder? Allike min.
Sjoch, doe't Anne Wadman en syn generaesje bigounen to sykheljen, kreaken de byntwurken fan ûs moarael en ús mienskip, doe't hja bigounen to libjen foelen de foarste bommen en de lûste jierren hawwe hja, foarsafier net yn boalshannen, as misdiedigers biskûl sitten of as wyld opjage west. Hja hawwe fan de wrâld nea oars sjoen as de omkearing fan alle ethyske wearden en de spotprint fan in moarael dy't foar rêstiger tiden skreaun like to wêzen, en dêr't de kultuer fan in earder slachte op basearre wie. Kin men fan sa'n slachte forwachtsje dat it sûnder mear leauwe sil yn earlikens, goede trou, neisteleafde, gerjochtichheit en in nei harmoanyske skientme evoluearjende mienskip?
It is net sa ienfâldich om út it griemmank fan lûden dat ús birikt in byld op to meitsjen oar de neioarlochske generaesje, en men moat hoeden wêze mei in al to float oardiel. Mar ien mark is der dochs dat men wol foar dizze jongerein mienskiplik oanwize kin, en it mei faeks nuver lykje dat ik soks nei oanlieding fan dizze bondel doch: in sterk romantysk langstme.
Nei de oarloch fan '14 - '18 keas in jeugd, dy't û.o. Frank Matzke ta wurdfierder hie, foar de nije saeklikens as libbensfoarm.
Dizze forbiten sabeare-heroyk docht it nou net mear, en de wissichheit fan 'e foarm leit mei alle wissichheden onder deselde twivel. Anne Wadman sit net sa fêst oan 'e trije diminsjes dat er foarsichtich polemisearret oer de fjirde, mar hy ropt yn amokstimming fiif, seis, acht, tsien diminsjes út.
Dizze jeugd is alles út 'e hannen slein; as Peer Gynt sa neaken en bleat is hja oanspield, en har is neat bleaun as de