De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 91] [p. 91] A. Brouwer-De Beer: Underduke De dizige Novimberdei Wurdt yn it Westen wei. 'k Stean fier fan hûs foar in iensum rút En digerje út. 't Wurdt stadich nacht; der is neat to sjen, De dei giet yn 'e mist forlern. Ik tink oan in fleurige simmerdei Doe't ús hûs en tún yn 'e sinne lei. De wachtsjende thétafel stie yn it skaed, En laitsjende kamen ús bern lâns it paed, In rêstige manljuesstap kaem tichterby En blide eagen blonken nei my. De gierende Novimberwyn Fljocht ta de stikkene ruten yn. Poes strúnt ûnwennich om't lege hûs. 't Is tsjuster; de rein en it stoarmgerûs, 't Is alles ta tryst; der is neat to sjen ... It byld giet yn triennen forlern. Slachtmoanne 1944 Vorige Volgende