De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 88] [p. 88] A. Deelstra: Twa gedichten Ballade fan in skyldwacht Hy hat yn Jeropa omswurven, Meifochten yn hast elke slach. Mei groeden is 't lichem trochkurven Ta ear fan de hakenkrúsflach. In skampskot tamtearre syn nekke. Granaten tosplintren syn foet. In tank soe de lea him tobrekke It gie lykwols krekt noch wer goed. 't Gesicht krig' yn Ruslân in skamper, By 't thúskommen skrillen de bern. Syn eigen frou koe him mar amper. Syn goedlike laits hie'r forlern. Mar hyltiid opnij rôp de tromme Him op ta de folgende slach. It koe him ek neat mear fordomme, Hy naem it gewear en sei ‘Dach’. Op mannich nij front hat hy striden En faker noch waerd er forslein. Hy eanget de delgong der tiden: It siegreiche Heer is to'n ein. Nou stiet hy to Snits in deimennich Foar skoalle en hâldt dêr de wacht. [pagina 89] [p. 89] Mar wurdt mei de dei mear ûnwennich: In bern yn it holst fan de nacht. Hwant moarns tusken fiven en seizen, - De langstme bikrûpt him it moed - Dan docht hy syn nuvere reizen, En frjemd giet it him troch it bloed. Yn't doarp mei de bergen derboppe, Wer 't paed troch de edelweisz gean, It wjerlûd oer d' ôfgrounen roppe En jouns op 'e kanteker stean. Hy heart yn de moarntiid de lûden Sa hiem oan syn eigen lânsdou. En djipper krûpt yn him 't formoeden: Farwol doarp - farwol leave frou! Dit dreambyld streamt myld oer him hinne, En doezeljend komt it him oan. Dan sakket er del en - allinne - Sa is hy doe glimkjend forstoarn. [pagina 90] [p. 90] Ierpelkeapman Foar myn Pake Troch lette simmer rint er nou: Op droege diken lûden dof. En oer de fjilden en de bou De rook fan wyljend ierpellof. It kundich each kart rom en frij Ut mannich stjerrend sté. It jowt him wille - elk jier nij - De frucht is geef en ryp en ré. Hy hâldt se hifkjend op syn hân, Biskrabet deugd mei tûm' en neil. Syn each giet leavjend oer dit lân, Mei linten reid - sa steech en steil. En rêstich rint er oer de bou. De boer giet njonken him. De ierde bleau syn bodders trou: De boer - it wurk - gewaeks - gewin. Vorige Volgende