De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 87] [p. 87] Klaes Dykstra: Gedichten Fiskersfaem De moarns oan't bleke wûnderstrân Seach hja yn't reade sinnerizen In strieljend gouden mearkelân Tofoarskynbrekken troch de dizen. It skilf'rjend wiid, it wiettich sân Spielde yn de ljochte gloede ûnder. In ienlik boatsje dreau foarlâns, Skerp silhouet tsjin't glânsgjend wûnder. Hja stapte steil oer't wite strân Troch 't machtich koar fan wyn en weagen. - De Easterkym stie yn e brân - Hwat ljochten har de jonge eagen! Kanterlannen It wie wol Fryslân, dat hjir foar ús lei To pronkjen yn de ljochte simmerdei: It griene leechlân bûnt fan tierich fé - En roek de lije wyn net nei de sé? Dit wie ús gea - it sté fan fisker, boer Yn al syn moaijens, mei 't bitroud kontour Fan âlde doarpkes, pleatsen yn de tsjoen Fan ljochtens en.de smûkens fan 't seisoen. En 't ljocht loek yn de kleare sleatten gear; Dit wie ús gea mei al de eigen sfear, Dy 't wy sa fielden by it stille sjen: Wy wiene ommers beide Fryske bern. Vorige Volgende