De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 86] [p. 86] Martinius: Forskining De joun wie fallen, en in grounleas ljacht wachte de nacht en lei syn frjemde hannen oer tún en hage en oer de fiere lânnen en kearde alles ta in stille wacht. Hwa ken it heimnis fan de tsjust're nacht? Mar mear jit leit de skimer oan 'e rânnen fan tiid en ivichheit; en oeral strânnen de tinzen op't ûnweez'lik grille ljacht. Doe knarste't grint, en oer de rjochte paden kaem hja, yn dream forsonken, stil deroan; flamme it tún, oerfûnk'le alle skaden. Ynwyt fan blossum, hold de hagedoarn de siken yn; en hja, yn keningskladen, hja stie, stil biidzjend, stoareagjend aloan.... Vorige Volgende