Fryske groun berne is of wurde sil, bileaven it... (né, net it Russysk, argeleaze lêzer) Hollânsk as uteringsmiddel kieze.
Wy witte wol, dit is allegearre net sa kweadaerdich en heechhertich miend as it der útflapt wurdt, en wy hawwe it ek wol earder heard. Mar it is dochs wol goed der jitris nei to harkjen en it âlde misbigryp dêr't dizze hâlding út fuortkomt to merkbiten. Fan it ûntwoartele individualisme nei in tirannyk sintralisme is mar ien stap.
De forhâldingen wurde hjir sa steld: der is de dichter, en der is de wrâld, en dertusken is neat. Dat is in falske stelling. Hy mei opgean foar in oberkelner, foar in dichter net. Dy stiet yn syn folk, en dat folk is him libbensgroun en klankboaijem tagelyk. Mei dit folk steane wy yn 'e wrâld. Dat it tafallich lyts is, dêr kin men oer stúmje en wrokje, mar it wurdt der net greater fan. It is ús opjefte. Sa lyts as it is, sil dit folk yn 'e wrâld stean en neffens eigen mooglikheden sa geef en sa goed as it kin foar it ljocht komme. Wy wolle derby iepen stean foar alle streamingen fan bûten (wy binne gjin provinsialisten) mar ússels bliuwe en net nei oare folken skeaneagje omdat it de Hear fan 'e talinten hage hat ús mar ien to jaen. It liket ús ta dat, as wy ús bêste krêften oan Fryslân jowe en Adriaan Morriën jowt sines oan Hollân, dat wy dan beide wurkje foar in harmonyske ûntjowing fan in lytse folksienheit, al bigreatet it ús ek ta de teannen út om Russen en Sjinezen, dat hja it bûten de fersen fan Morriën en Schurer stelle moatte.
It hat ús inkeld fornuvere dat nei in forwoedene oarloch fan hast seis jier foar frijheit en tsjin lykskeakeling, der jitte soannen fan in lyts folk, dat syn ynwenneroantal mei minder as acht sifers skriuwe kin, de moed hawwe om sûnder in spoar fan forlegenens, op sa'n floate en charmante wize as Morriën dat docht, opnij oan to knoopjen by in individualistysk en dus impearialistysk forline, dat mei it bloed fan de Europeeske jeugd ôfsletten is.
En rounút wrevel en ergewaesje jowt it ús, dizze âldfrinzichheden lêze to moatten yn in blêd dat himsels soasialistysk neamt.