De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 83] [p. 83] Anne Wadman: Brief oan J. Hwat jowt it dat ik ‘Leave’ skriuw, of ‘Bêste’, kâldwei en koart, of trou oan folk's wiisheid bliuw: ‘as 't ding mar in namme hat’? Hwat jowt it? Al hwat ik dy neam ûntglûpt oan myn macht. Mar oan 'e Molkwei fan myn dream hâldt dyn stjerrebyld triljend wacht as in lêst trouhertich skyld yn in forlerne striid. Haw ik dyn koerts bisyld dan wurdt sels de ivichheid wiid. Vorige Volgende