| |
| |
| |
Marten Sikkema:
Gedichten
Ûndergong
Dit is de lêste greate tiid
Hwant alles slacht nou alles del.
Efter it gounzjen fan de striid
Lôgje de stêdden as in hel.
Brekt alle libben ta de dea.
Hwa't nou noch sykje om in doel
Meitsje elts flokwurd ta in bea.
Hwant alles is al stikken tocht
En alles docht der neat mear ta:
Us siele is allang forkocht,
Wy witte sels net mear oan hwa.
Moskou, Berlyn of Betlehim,
Soldaten, boargers, franc-tireurs...
It bange sjongen fan ús stim
Yn 't razen fan 'e mitrailleurs.
Febrewaris 1945
| |
Ballade fan de ûnwisse herten
Foar Fedde Scharer
Jo witte, Hear, wy wurde âlder,
Wy groeije stadich nei de dea,
Lykwols, ús herte wurdt net kâlder
En langstme baernt ús troch de lea,
En langstme baernt ús oan 'e mûle,
Ús hier stiet altyd like rûch.
Hja bringt ús dikmels op 'e doele,
De faem dy't dochs jins hân ús joech.
| |
| |
Oer dizze blomkjend rike ierde
Geane wy, greate bern allyk,
Wy litte ús fan nimmen riede,
Doge foar steat noch polityk,
Doge as boargers noch soldaten,
- Wy fine blynseach faek ús wei -
Mar alle skoaijers binn' ús maten,
En alle hounen rinn' ús nei.
Wy skrieme om ús bliidste dagen,
En om in freon, in fers, in film,
Wy achtsje 't libben min to dragen
En skriuwe brieven oan ússelm.
Mar draeit it oargel yn 'e strjitte,
Dan reitsje wy alhiel oerstjûr,
Dan slacht ús herte in nije mjitte,
Dan is ús eltse ûre djûr.
Prins God, wy binne wol de minsten
Fan al dy't ite út Jins hân,
Wy tidigje hjir net op winsten,
Noch foar de pong, noch foar 't forstân.
Dochs hoopje wy dat nei ús lange,
Rêstleaze swalkjen troch dit ryk,
Jo goedlik glimkjend ús ûntfange
As bern dy't sykje om ûntwyk.
| |
Utert
Oer net ien stêd yn hiel de wide wrâld
Driuwe de wolkens swider as oer dy.
En oer gjin toer, as dines griis en âld,
Jeije de fûgels boartliker foarby....
Mar as de dei stiet tusken joun en nacht
Lizze dyn wide pleinen ál forlitten,
Lizze dyn grêften dea; en ûnforwacht
Falt nea in fuotstap troch dyn djippe strjitten.
| |
| |
Hwat wachtest noch? It is de ûre net
Dat striidbre biskoppen en eale graven
Forriizgje út de hege kenotaven:
De ieuwen rize en forsinke jit.
De ûren slacht de domklok swier en drôf;
In lome swan roeiket de singel ôf....
| |
Ald muoike
Nou bist in wyfke griis en âld;
De lytse dingen fan 'e wrâld
Sjochst leavjend gean en kommen,
De tankb're granioms foar 't rút
Teare foar dy har kleuren út
Dou tripkest súntsjes troch it hôf,
Harkest de fûgelsangen ôf
En sjochst de roazen winken,
Dou mimerst hwat oer de âlde tiid,
En al hwat drôf wie wurdt dy bliid
Yn't kalm en fredich tinken.
As skaden groeije ta de nacht,
Dan sitstou ûnder 't sûzjend ljacht
Nimst wer it Boek mei fromme hân,
En driuwkest ôf nei 't sillich lân
Fan noch in greater frede -
| |
Jancko Douwama
Dou wiest in revolúsjeman as ik,
Dou wiest in helt, en ta dyn lêste snik
Dou seachst dyn goed en earlik folts yn need,
En hoe't de âlde frijdom fallen wie;
| |
| |
Dou sochst om help, founst inkeld dom forrie
By prins en foarst; mar nimmen murk dyn leed.
Swier wie it krús, datst tôgest Kristus nei;
Fan hûs en hear en lân waerdstou fordreaun.
To Vilvoord hast dyn mânske wurken skreaun
Yn 't tsjuster gat, forballe fan 'e dei.
Lang is it lyn - mar krekt yn dizze tiid
Bist ús in ljochtsjend foarbyld ta de striid
| |
De nacht komt neijer....
De nacht komt neijer oer de stille greiden,
In fûgel fljocht mei lome slaggen thús.
Gjin suchtsje strûst mear oer de wurge reiden;
It bêste kaem de sliep ek mar oer ús.
Gjin rook fan blommen sil ús mear forliede,
En fan gjin ljurken it oerdwealske liet.
It is foarby, netwier? wy sille skiede,
En hwat ús bliuwt is mar in lyts fortriet.
De nacht komt neijer - mar oer stille greide
Brekt hommels't liet fan in harmoanika;
En 'k wit net goed, bin'k dan in bern, in heiden?
Wer falt dit helpleas herte oan dy ta -
| |
Yn 't foarjier
O dei fan sinne en fan hoeden lok,
Dou makkest bist en minsk allike til...
En 'k wit net mear hoe't ik my hâlde sil,
Nou 't alles sjongt en tommelt oer de wjok.
En 'k priuw de farske roken fan 'e wyn,
En 'k sjoch dyn oantlit blier; hwat biste stil...
En 'k wit net mear hoe 't ik my hâlde sil,
Nou't ik dyn leaflikens sa nêst my fyn.
| |
| |
Oan fiere kimen giet de wrâld yn fjûr,
O, sjochst it wol? en 't is noch mar April...
En 'k wit net mear hoe't ik my hâlde sil,
Dou lakest sa - dou lakest my oerstjûr.
| |
Diaspora
Dit is de tiid dat sibben ús forstjitte,
Dat waerme freonskip oerslacht yn'e haet;
Us alderneiste siket sels har paed.
Wy kinne neat - net ienris mear forjitte.
Noch preket men in wylde nije leare,
Of preuvlet moedsum op in âld forsin,
Mar 't needlot skout, en der is gjin forwin,
De striid giet fierder, sûnder kâns of eare.
Aloan reitsje wy djipper yn 'e delling,
Aloan, en 't measte is sûnt lang forlern.
Miskien is dit de tiid, tobek to tsjen
Op 't eigen herte, as in lêste stelling.
Mar freegje net oft dy it hâlde kin...
| |
Genietsjen....
Genietsjen fan dy iere juny-sneinen:
Kalm is de moarntiid, en de middei lang;
De loften fol fan lytse wyn en einen,
Fan fûgelrop en blide ljurkesang.
Men glimket oer 'e bou: yn strange rige
Lizze de ekers, ljocht en o sa tier;
Men stoarret oan in hikke: sjoch hoe tige
De mieden groeije, wiuwend withoefier....
En einlings jountiid: skimerkoele seine
Oer hiel dit rynske lân, en oer ús twa.
Slacht dêr in reindrip? It sil rêstlik reine....
Sa'n dei - it herte kin der lang mei ta!
|
|