De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Kees Jongsma: Lytse oerwinning Foar P.v.d. Veen. Sawn grien-giele kamouflagekleden Mei fûnk'ljende helms der boppe op Saeije de fytsen ûnder yn 'e reed en Strûpe de gewearen oer 'e kop. Geskrip yn't bûthûs, oerstjûre stimmen, Neat is to let en neat is to ier; De frou pakt gau noch in brief fan it rim en Dan stampe de learzens al oer de bûthûsflier. Hja skuorre yn't kabinet de boel yn 'e tizen, De faem sjocht brimstich en rare lilk As ien om har brieven sit to gnizen. In oar loert lizzende ûnder it swilk. Hja litte de boer, sa't er is, yn syn wêzen, En einlings dan stappe se dochs wer op, Forflokt en forwinske - mar fan efter kou-glêzen Bigluorke fan in blier laitsjende jongeskop. Vorige Volgende