De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 112] [p. 112] Sjoerd Spanninga: It parredys Nou 't ik hjir by de fiver fan de mym'ring dream, Under it goudbrûns blêdte fan in neijiersbeam, Falle de ripe fruchten, kostlik en as swietrook goed, Mei har fantastysk sied mids gêrs en njirrekrûd... De nacht fortelde reauntsjend ris in âld leginde, It minste skepsel groete my as in goe-kunde. In blauwe dize wâlme wiereek boppe d' ierd', Ik fielde my bisibbe oan stjirte en oan diert'. In hoarnûle wier sûzjend op myn skouder swongen, Har eagen hie hja fûnken fan spoekefjûr yn fongen. Myn trêd wie trinten as in douns; to lofterkant Kroep der in marter tsjin myn wang, dryst en gewant. In slang hing' as in tsjokke koarde om myn brune nekke, Gjin tsjoede driuw soe yn it wâld de poëzij forbrekke. En mei in rju forskaet fan lûd en wiuwende fear, Kaem hiel it fûgelfolk dêr stadich om my gear. De wjokslach fan de houtakster, de spjocht en gielegou, Dy wiksle mei de jagersflecht fan in pear wikels ou. Nei protter, mosk en mieskes, de klysters en robyntsjes, Folgen de miggeswarmen. Wylst wipten wif de knyntsjes En skouwe hazzen neist in hear, fan de natuer der spinnen, Of seach men stikelbargen fredich mei mûzen rinnen. Op frijersfuotten sprong de wyn, djoeidinderjende gút, Fioeljend op in tsjoenstertried as spylman foar ús út. Dit like hast in brulloftsgong, en deun bylâns de moanne Fleach heger as de kroanebôgen in fesantehoanne. Dwêrs troch dy bluisterige pronk teik'ne in lytse kloft Flearmûzen jit har runen as riedsels yn de loft. Har freonskip wie myn stille nju en keninklike rom, Sa gyng wol eartiids Adam mei Eden's bisten om. En al de wyld-biwoechsen paden fan it aventûr, Roun ik yn heimelik petear mei foks en réën oer. Sa skynber sûnder doel, mar blier en tige hoask [pagina 113] [p. 113] Troaiken hja my nei in biskûle plak, ticht as in tizebosk. Dêr naem my de bitûfte reade mei syn liepe streken, Hast skruten op itselfde stuit efkes tomûk geweken. Sa hoeden as in streupershoun briek er troch rûge takken. Ik skeat him linich efternei, him roerend op 'e hakken. Mar ienkear binnen de strewellen en har manteling Om dizze griene sitadel, ûntdiek dêr myn forwûndering Twa jonge froulju, rêstich lizzend op forwielen moas, Yn sill'ge slom forlern. Har wieldrich hier foel los Oer harren sliepend antlit, by d' iene swart satyn, En d'oare as in iikhoarnsturt sa waeijerjend en fyn. It feale ljocht joech mank it rintfear en de poddestuollen, In kleur fan libben sulver oan har klaed en krollen. Ik flijde my fortroulik ûnder syn wale del; in keppel dieren Hold oan 't lemierjen ta de wacht by dinappels en spjirren. Doe 't ik myn eagen iepen die, hie ik oan elke side In ynmoai fanke sitten, dat myn ûntweitsjen bide. Om bar naem ik har beide laitsjend yn myn earmen, Myn hannen glieden streakjend oer har keine foarmen. Har sljocht' en rjochte aerd, en harren sinnesiel, Founen yn my har leafste en har minnestriel. Hja lieten my mar stil gewurde en har patsje, Mei in sneu snútsje styng in eal, rankpoatich hartsje Nei 't kûzjen fan ús trijen in amerij to sjen, Unskuldich as in laem, nijsgjirrich as in bern. Mar fierders wiene amper al de bisten fuort, Utsein de grille slang, dy talme noch in hoart... Vorige Volgende