De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 114] [p. 114] Sjouk Koopmans: Gedichten Oan'e sedyk In rook fan't Waed driuwt op'e wyn foarby En elts wurd hong ûnwennich tusken dy en my In houn slacht oan, in hynder wrinzge sûnder doel In skouwe fûgel siket yn it reid biskûl De wrâld is skyn, skaed en forskeel fait wei Der binne allinne stjerren boppe dy en my. Winter Altomets stroffelet er tige mijen deun by de huzen lâns, hwat út 'e wyn de bern dy't roppe: der giet Jelkom wer to frijen lit er bigean; hy hâldt de pas net yn foar't doel, en fynt har jimmer yn'e selde hoeke op'e âlde knopkestoel; eptich en steil doch jimmer protteljend oer fordoarne tiden: Hwer ha de grize hierren langer heil? Ienkear jit jong, it folle frije libben d'âldman tinkt wurch: it kin dochs sa wol ta. Noch efkes eamelje hja oer freon en sibben dan kroasket er wer op't eigen hurdsté ta. Vorige Volgende