De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 115] [p. 115] Kees Meijer: In Fries Hy wie in boer yn it Fryske lân, Hy hold de leije sels yn 'e hân. De Poepen stielen en skeinden it rjocht, Dy Fryske boer - hy bodde troch. Mar dat ûnrjocht friet him yn it moed, Hwant de frijdom siet him yn it bloed! Doe kaem de staking; hy die ek mei: De bossen kamen net oan 'e wei. Hwant it soe nou jilde foar elk soldaet: Dû wurdst yn krychsgefangenskip laet. Doe, op in joun - it wurk wie dien - Hat er foar 't lêst by syn beesten stien. In Dútske auto fljocht oer de wei: Rom baen foar de Grüne Polizei! Hjir stiet syn stjelp. Hja stopje derfoar; De boer set de tosken opinoar. De moardners komme mei't ark om 'e lea: ‘Jo leverje môlke! Oars moatte Jo dea!’ Doe hat er in stap nei foaren ta dien: ‘Myn môlke komt net fan myn hiem.’ Hy wurdt tsjin syn eigen muorre set... Omhegens riist syn stil gebet, [pagina 116] [p. 116] En syn eagen krije in nuvere glâns By't hearren fan de lêste kâns: ‘Bûch foar de Führer as jou Hear...’ Hja hearre it andert dúdlik en klear: ‘Wy Friezen knibbelje allinne foar God!’ Ien amerij jit - dan fait it skot. Dêr, tsjin 'e skuorre, leit syn lyk, Mar syn siele is yn Gods keninkryk. De kreaze boerinne liet gjin trien, Rjochtop hat se op it tsjerkhôf stien, Hwant it wie, as hearde hja aloan: ‘As in Fries hat er libbe, as in Fries is er stoarn.’ Staking 1943 Vorige Volgende