De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 117] [p. 117] Jan Piebenga: Sillich Boask Dêr't twa wegen elkoar fine, Alle skied forbrutsen wurdt, Wol in ienzens beide bine, Bliuwt it herte net mear hurd. Ien gong tsjocht de heimnis yn, Leafde is neat as sinneskyn. Dêr't hwat frjemd wie elkoar moetet, Skruten floeije libbens gear, Wûnder lok de sielen groetet, Biedt geniet, aloan, almear, Dêr bloeit ek't iens deade hout, Glânzget leafde as suver goud. Dêr't de streaking dreamen wekket En de dream syn reagen spint, Flústerklang de snaren rekket, Dat in gloede oer't wêzen rint, - Rispensré leit't libbenshôf, Leafde is jaen en duldt gjin rôf. Dêr't oan boartlik liet en tûle Langstme stjert, ûnwenn'gens wykt, Djip yn't ynlikst hûs forskûle Gleone tocht syn seilen strykt, 't Heanste hoal wurdt rom en wiid, Leafde is frede, woun yn striid. Dêr 't God ien út twa formearret Dat de ripe frucht har set, Jimmer nij op âld groundearret, 't Boun hâldt, ek oer't lêste let, - Hokfor leagen 't libben leit, Leafde rekket de ivichheit. Vorige Volgende