De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 118] [p. 118] A.M. Wybenga: Stiltme Stiltme, hill'ge, súvre stiltme Dy 't myn siel fortreastgje kin, Dy 't my de âlde dingen bybringt As ik sa allinne bin, As de goudne stjirren blinke En de moanne skynt oer 't gea, By it lústrjen fan 'e reiden Driuwst myh siele ta in bea; Tûzen moaije libbensstounen Riigje foar myn each byien, Glinstrje fan dyn douwe oergetten As juwiel en edelstien. Al de leafde fan myn âlden Bringst wer oan myn herte nei; Hja dy 't wol oan my ûntstoaren Binne dochs by my net wei. 'k Tink oan wurden, sterk fan ienfâld Dy 't in freon my sizze woe, 't Tink oan him, by hwa 't ik feilich 't Earme herte ûntlêstgje koe, 'k Tink oan him; yn fiere krite Leit syn stof yn 't stille grêf, Mar syn wurd - noch mei 'k it hearre - Bliuwt foar my ta stôk en stêf. 'k Tink noch oan in simmerjoune Doe 't ik mei in famke gong En myn herte, yn jubel optein, 't Lette liet fan leafde song. 'k Tink deroan - op mylde jounen Folget faek in koele nacht.... Mar de neitins oan hwat hearliks Hâldt yn 't iensme herte wacht. Stiltme, dy 't my goede wurden Mei dyn golle stimme seit, Stypje my, oant ek dit lichem Yn Gods iiv'ge stiltme leit. Vorige Volgende