De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 119] [p. 119] F. Boltje: Napoleon-wei Hy rint mei romme bochten Fan Ljouwert oer it Fean En 't is troch alle tiden Dat hjir de minsken gean'. Syn hege ikebeammen Binn' machtich, en ta skaed Fan etlik iv'rich keapman Hwaens wei rint lâns dit paed. Ja frede ammet alles Hwat oan en om him is, Oant soms de klokken liede, Sa wreed, sa drôf en wis. Dan falt syn falske masker, Dan blykt syn wiere staet: In bloedwei en de lêste reis Foar mannich Frysk soldaet. Polderjonge In soune, geve polderjonge Haget it wurk fol aventûr, Hy swalket leaver mei de baggermounen As fêst to sitten by in deune boer. Yn waer en wyn, dêr wurdt er hurde; Men neamt him wol ris rûch en rou, Mar ik wit fan syn fûle bodzjen: Foarút wol er, yn ear en trou. Hiel soms bart it dan dat er slagget; Dan wurdt er baes op eigen mêd. En 't is syn libbensliet, it knersend kringjen Fan eigen baggeramers oer it bonkelrêd. Vorige Volgende