De Tsjerne. Jaargang 1
(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 120]
| |
I.De histoaryske roman hat altyd in frjemd tuskending west tusken histoarje en roman en faek in koarddounsjen op 'e smelle trie dy 't beide forbynt. Mar al to graech stiet de historicus de skriuwer en de skriuwer de historicus yn 'e wei. Oan 'e iene kant wurdt ferge: feitekennisse, historyske yntelligentsy en erudysje, oan 'e oare kant: fantasij, forteltalint en dramatysk oanfielen, dy 't it forhael boppe de kronyk úttille moatte. Men kin jin allerhand gradaesjes tinke tusken dy beide utersten: droege kronyk dy 't him hinne weeft om in wier barren, sa 't dat út histoaryske dokuminten mei help fan it wittenskiplik gewisse reconstruearre is, en: frije fantasij op it thema: forline, dêr 't mei histoaryske feiten en werklikheden sasear net rekkene wurdt, mar allinnich taest nei in sfear, in ‘geur’, in fizioen dat forline oproppe moat. It forline: kronyk en fizioen tagelyk. En it risseltaet tekenet de romanskriuwer yn syn bisteansrjochten tusken wittenskipstsjinner en dichter. Binammen hjirt yn Fryslân hat it forline altyd in swiden bikoaring hawn. Sûnt de mannen fan it Frysk Genoatskip de Fryske skiednis ûntdieken (al wie 't de skiednis yn syn earmoedichst habyt: it relaes fan 'e wikselingen yn it steatsbistel en it bistjûrsapperaet, fan fjochterijen en kreauwerijen, dêr 't de nammen Skier en Fet neat as in slop hâldfêst oan jowe, fan persoanlike ear- en hearsksucht ûnder forneamde slachten fan heal-heareboeren-heal-ridders-heal-proleten) is it Frysk skiedforhael, ek hwêr 't it yn it Hollânsk skreaun waerd mei in ûnmiskenber Frysk nasjonael élan, yn hannen rekke fan in tipysk slach tuskenminsken tusken historicus en skriuwer. | |
[pagina 121]
| |
It rekket hopeleas fêst yn in sfear fan goedwillich dilettantisme, dat himsels bispotlik makket yn syn machteleas en krampeftich bisykjen om dit gebrân en gerôf, dit keninkje boartsjen op eigen hiem, dit dôfhûdich wrokjen om ienris lit ûnrjocht, dit sinnen op wrake en forjilding as in tipysk Frysk en dus as in wichtich barren to sjen. Skiedkundige forhalen planteit yn 'e foarrige ieu, yn rym en ûnrym, aerdich en toar, koart en great opset. Mar it fizioen bleau wei. Net in kunstner, of it moast Harm Sytstra west ha, hied er langer libbe, hat de skiednis as fizioen de kleur, de gloede en de biklamming jown dy 't er krije kin út 'e hannen fan 'e folbloed romanticus. It bleau flak, droech, groatfol nammen op -ma, groatfol jiertallen en histoaryske bykomstichheden, jounstiidsfordivedaesje fan litterair oanleine notarissen en sneupers nei famyljewapens en kwartiersteaten, dy 't mei it forline pielden sûnder fan greate langsten grypt to wurden, en dy 't yn liddige ûren in skiedkundich forhael of rymstik yn elkoar mâlken, dat sachts yn 't ien of 't oare almanak of jierboekje in plak fine koe. Dat men oan 'e aktualiteit fan it forline net takaem, hwa sil it fornuverje, by it útgongspunt fan harren skiedskôging? Dat men ek net takaem oan de sublime bizigens fan in van Lennep, dy 't it, as 't sa útkaem, nonchalantwei mei de histoaryske werklikheid op in akkoartsje smiet, en likemin oan de serieuze, fan in fûle hertstochtlike oertsjûging droegen dregens fan in Bosboom - Toussaint of oan it objektyf fakmanskip fan in Schimmel, is it in wûnder, as men de omstannichheden yn 't each hâldt? Yn dit opsicht bliuwt ús Fryske romantyk lyts en binypt. De skriuwers stoarje har blyn op it s.n. great konflikt fan Skier en Fet, sûnder der eat fan dramatyk of fan djipper tragyk efter to sykjen. Legerkes, fjildslachjes, moart rôf en brân. Mar gjin greate idé. Net de skiednis makket de helten, mar de helten meitsje de skiednis. De skriuwer stoarret him blyn op 'e lytse minske, dy 't er om oan 'e forfeling to ûntkommen, masjinael omfoarmet ta helt, omt er de minske syn rjochtlik plak net jaen kin yn in fizioen. Kleur en waermte ûntbrekke, feiten en nammen hearskje almachtich. Dilettanteearnst mei hjir en dêr in flutsje moraliteit foar dizze ieu en sa nou en dan hwat platte bizigens, sjodêr de boarnen hwêr 't by ús út libje moast hwat histoaryske roman hjit. | |
[pagina 122]
| |
II.De earste - en foarlopich ek lêste - greate concepsje fan in histoaryske roman fine wy yn Simke Kloosterman har ‘Jubeljier’. It hie ek in great boek wurde kind, - en is dat as milieutekening en yn syn lyryske eleminten ek sûnder mis wurden - hie de skriuwster net histoarysk skilich sjoen en hie it boek, by jitris oerlêzen, byhwannear 't men jin net langer kritykleas liede litte wol troch de bitsjoenjende biskriuwingen en de prachtich byldzjende tael en de foar Fryslân seldsume yntelligentsy dêr 't it mei skreaun is, net sterk it gefoel efterlitten (men wit net hoe en hwêrom), dat it einliken torso bleaun is, in greate, machtige, mar ûnfoltôge brok lyryk yn al syn dramatyskens. De greatens fan dit boek leit mear yn hwat it wurde kind hie (it epos fan ús foarrige ‘bifrijing’) as yn hwat it wurden is (in tref lik tydsbyld en in ûnneifolgbere milieu- en sfearbiskriuwing). Oan syn wearde yn 'e Fryske skriftenkennisse docht dat neat ôf, binammen net as men in lyricus it rjocht gunt om net oan syn lyryske kwaliteiten ûntkomme to kinnen. | |
III.Liuwe Brolsma hat jitris de Skier- en Fethistoarje as stoffe naem foar syn forhael ‘Storm oer Fryslân’. Hy hat him om it strikthistoaryske probleem net bikroade en him net fortize litten yn lokale en persoanlike strideraesjes, likemin yn in mooglike maetskiplike of ekonomyske eftergroun fan al dy dingen. Yn dit opsicht is syn forhael âlderwetsk en bringt it gjin nijs. Foar Brolsma is der allinnich de ‘nasjonale’ kant fan it probleem, lyk as him dat foardocht yn de gong fan saken tusken Warns (1345) en Skoattersyl (1396). In greate, skerp tekene eftergroun fan it konflikt ûntdekke wy net. En dat is de swakke side fan dit forhael, fan de histoaryske kant út sjoen. Der is allinnich in Frylân fan fiskers, boeren en eallju dy 't lyk as jimmer yn dy tiden by wankende gefaren hommels elkoar fine en âlde feten en partijskelen oan kant skouwe. En der is, tsjinoer dat rûge, ûndekadinte folk fan grimmitige fjochters, mar earne fierôf, dy Hollânsk-Jeropeeske | |
[pagina 123]
| |
koälysje, de blom fan de Jeropeeske ridderskip, it pûk fan it Jeropeeske soldatefolk, mei syn macht fan skippen en pracht en preal, dy 't yn 1345 fan dat ienfâldige, mar hertstochtlik op 'e frijdom bigiene folkje út 'e sompen yn 'e sé weromjage wurdt en foar de fisken. De Hollânner, tobekset yn syn plannen, sint op wrake, - is it inkeld imperialisme of persoanlike sucht nei aventûr en gloarje op it slachfjild, efternei de dekadinte formaken fan it toernoai? Of stekt der in greate idé efter? It lyk fan Willem IV, yn Fryske groun bidobbe, ferget op wrake. Mar it is op 't lêst in lyk en gjin reëel bilang mear. Dit misse wy yn dit boek: dat it ús net hommels oerpleatst nei it oare kamp, it bliuwt stiifkoppich oan diskant de Sudersé. Hwat driuwt de Hollânner, hoe komt hy oan syn macht, hwêr skuort er syn folk wei? Hoe ek, Hollân stekt sé yn mei in float en in lânningsleger as nea tofoaren. De Friezen, nei manhaftige fordigening al to dryst wurden, litte har fortokje, sûnder dat de tsjinpartij der by einsluten folle bate by fynt. En as de skâns by Skoattersyl stoarmjenderhân nommen is en it waer slacht om, dat it oerwinnend hear driget to forkommen yn 'e sompen en feanpetten fan dit forflokte barbarelân, - hwat bliuwt der dan foar Hollân oer as mei de skeamele bút wer yn sé to stekken, bliid ta it libben der ôfswit to hawwen? Yn it ramt fan dit histoarysk gegeven spilet it forhael fan Liuwe Brolsma him ôf. Daem Gerbranda, in earme fiskersjonge, mar fan aedlik komôf, rêdt troch tafallige omstannichheden, in forneamd Likedieler it libben, en rekket, alwer troch tafallige omstânnichheden yn dy rûge sérôvjende Likedielersmienskip forsyld, ûntjowt him tsjin heuch en meuch, mar omt er dochs net werom kin, ta in moedich oanfierder, ta de helt dy 't er wêze moat om it forhael syn sin to jaen. Hy kin de skande fan it sérôverwêzen mar min forneare en as er it skip rôvet dêr 't de Hamboarger boargemastersdochter dy 't er leaf hat mei har heit op fart, sjocht er út nei wegen om syn libben to betterjen en him har weardich to toanen. Hy sjocht kâns him to forbinen oan de Fryske striid foar de frijdom en sa syn goenamme werom to winnen. Yn de striid tsjin de Hollânske ynfalders wart de Likedielerskaptein him as in liuw, mar wurdt er swier forwoune en de freugde fan it happy | |
[pagina 124]
| |
end yn 'e earms fan syn Ljisk wurdt timpere troch de fraech, dy 't de skriuwer oan 'e ein fan syn boek (sûnder in consessy dwaen to wollen oan it op in ‘Hja libben jit lang en lokkich’ bigiene publyk) iepen lit: Sil er it helje? Sjodêr it ienfaldich gegeven dêr 't Liuwe Brolsma in meinimmend, knap folhâlden, lykwichtich en sympathyk forhael fan makke hat. Wis, folle sfear, gloede en waermte sit der net yn it forhael fan Brolsma Jr., it is earder hjir en dêr de flakke kant it neist, al hat it ek neat fan de droegens fan de chroniqueur dy 't omdôch bisiket historyske feiten in romantysk jakje oan to lûken. Mar Liuwe Brolsma wit genôch fan it forline ôf om it net ridikúl to meitsjen en to min om der yn to forsûpen. Hy libbet net yn it forline, mar ek: it forline libbet net yn him. Hy is dúdlikernôch in skriuwer dy 't in historysk forhael skriuwt by wize fan ôfwikseling en net omt de histoarje him duorjend yn syn bikoaring hâldt. It is him gjin ûnûntwynbere needsaek. Syn visy op 'e minske is koppich hjoeddeisk. De frijerij bg. fan Ljisk Schoke en Daem Gerbranda koe mei in pear uterlike foroaringen yn ús tiid pleats ha, der is neat dat de midsieuske minske tekenet yn syn spesialiteit fan ridderboer of keardel, - bourgeois of proleet fan syn tiid. Under de wiuwende plomhuodden, efter de harnassen en maljenkolders fan eallju en soldaten yn dat hear fan 1396 giet de minske fan ús tiid skûl, sûnder dat de skriuwer biwust útgiet fan de stelling, dat ‘de’ minske nou ienris ‘de’ minske is en bliuwt, al klaeit er him alle decennia neffens in oare moade, - mar omt de frage nei in forskeel yn minsklike eigenaerd him ienfâldich net oponnearret. Daem Gerbranda is au fond in troch it needlot yn 'e bikniping rekke boargerlike humanist, dy 't ta de immoraliteit forfalt, sûnder de ynskepen 19de ieuske bigripen fan ethyk, seedlikheid en skamtefielen kwyt to wurden. En hy moat dit ek bliuwe, om de romantyk fan de saek syn gerak to jaen en him net warleas omkomme to litten yn 'e ûnmeilydsume realiteit fan desperado en deastekker út libbens needsaek-èn-faklearde. En Ljisk? In boargerjuffer is hja net, mar is har bline trou oan dy jonge fan 'e sédyk dêr 't hja ienris sokke wémoedich-rike ûren mei bilibbe hat, wol oertsjûgjend? Lit it wier wêze, dat Daem bûten syn wil om de brede wei opgien is, - by einsluten is hy foar | |
[pagina 125]
| |
har de fûgelfaeije, de outcast, en hja foar him in boargermastersdochter, in grande dame, en harren forhâlding in ûnwierskynlik mearke út 'e âlde doaze fan rike prinsen en earme Jiskepoetsters, fan moaije prinsessen en earme hardersfeinten, ek as men, mei de personalisten, de klassestriid net oeral byslepe wol. Mar binne dit einliken net biswieren dy 't bûten de wêzenlikheid fan it boek omgeane? Is it net healwiis om in skriuwer forwiten to dwaen oangeande de feitelike gegevens fan syn forhael, ynpleats fan jin allinnich mar ôf to freegjen, hwat er mei dy feiten útheefd hat? Koe men it dan net mei itselde rjocht in meubelmakker kwea-ôfnimme dat er stuollen en tafels makket en gjin skuon? Der moat earne in grins wêze tusken it selsbiskikkingsrjocht fan de skriuwer-en-syn-boek èn it rjocht fan de krityk om dat selsbiskikkingsrjocht to bitwiveljen. Bliuwt de skriuwer binnen de grinzen fan dat rjocht, dan mei de krityk net freegje: ‘Hwat’ mar allinnich: ‘Hoe’. It criterium foar in boek as ditte, in histoarysk forhael sûnder kultuerhistoaryske of oare eftergroun, is oars net as de lêsberens en de fraech: is it net dom, net àl to ûnhistoarysk? Mei oare wurden: is it net to rekkenjen ta de dilettanteskriuwerij fan ien dy 't ek wolris hwat yn de Fryske skiednis omsneupt hat, - of ta de litteraire forrifelderij dy 't mei feiten en data omspringt as de kat mei in mûs? Yn beide opsichten hâldt de roman fan Liuwe Brolsma de mjitte. It forhael hâldt jin fêst, is goed skreaun, is net dom en net ûnearlik en hwat let it dan, dat it hwat bernich fan toan is, wylst it dochs dúdlikernôch net foar bern ornearre is? De toan is echt en ûnmiskenber net mear dy fan de pieler en sneuper út de 19de ieu dy 't in forhael makke omt de skiednis him dreau, mar dy fan de skriuwer dy 't de histoarje èk oandoar, omt it forhaleskriuwen him yn 't bloed sit. Oft Liuwe Brolsma de ideale synthese foun hat tusken skriuwer en sneuper? Ik soe it net biweare doarre en it hat syn opset ek net west. Dêrta is mear en greater nedich. En 't is de fraech oft wy yn Fryslân der ea ta komme kinne. Yn alle gefallen net salang 't de Skier-en-Fet-romantyk ús skiednisbyld bihearsket. 3-2-'46. |
|