De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 126] [p. 126] Berend Steenema: Du bist it liet Dû bist it liet, de mylde melodije, dû bist de wûndre wize fan myn hert; dû bist de klang fan kleare harmonije, de útring fan myn freugde en myn smert. Dû bist de sang dy 't reauntet troch myn siele, it liet dêr 'k nacht en dei 'k foreale op bin. Ik mei syn boarnen yn my springen fiele en it oermasteret myn moed en sin. Hwant, is it ienris yn myn binnenst berne, dan wint it oan, en - stâlle nei myn wil -, wurdt it in stream fan lûd, in hast-forlerne, mar dy 't my nou net mear ûntsinke sil. Dû bist dat âlde, lang-biwende wyske, hwernei 't men sa ûnwennich wêze kin; dû bist dat simple liet, dat sljochtwei fryske, dat ik hwat mear ik 't ken hwat mear bimin. Dû bist de psalm, fan God foar my ornearre, de treastsang, suver en folslein fan toan. Dij sille noch myn sill'ge earen hearre yn 't hearlik halleluja foar de Troan. Vorige Volgende