De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 127] [p. 127] Tet de Jager: Gebet Libbensstriid en libbenssmerte Hear, toskuort myn skriljend herte. 'k Gean troch feale ellindichheit, sjoch dochs myn earmoedichheit! 'k Mei by Jo myn leed útsizze, al myn noeden foar Jo lizze. 'k Fiel Jins leafde as in klaed, 'k wit my fan Jins wiisheit laet. Meije minsken my forjitte, Jò wolle my nea forstjitte. Net t'omfiemjen is Jins trou foar in bychtling skurf en skou. Lit dan libbens tongerbuijen oer myn holle brûzje en bruije - 'k Fyn by Jo, myn Hear, hâldfêst, Oan Jins hert ûntwyk en r^est... Vorige Volgende