De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 33] [p. 33] [Nummer 2] Marten Sikkema. Nyckle J. Haisma ta in oantinken It is miskien ús plicht dy út to lieden, Mar wie it inkeld plicht, it gong wol oer. Dou hast it witten: ienris komt it skieden, Wy falle allegearre troch de koer. Mar yn it eangstich ljocht fan bline nachten Sjocht men him stean: Mardjo dy't Teda hiet, De goede Rikus hat al ûren wachte En Harmen's Hitsje sjongt in drôvich liet. Hark, bilet Max dêr? 't spultsje leit forlitten Mar 't is ek wier: de kij binne forkoft. De palmen wiuwe jit, fierôf klinkt sjitten, Heech oer de sawah's spant in blauwe loft. Ryk Fisker floitet; is dat Tsjits? har suster? Mar Hiske, 't wiif, hja laket alles wei. Men wit net goed mear: hwat wie hjoed, hwat juster? Heit stie dochs by de tram, dy simmerdei? Dit is de ein, elts herte moat forbliede, Ek 't waermste, as wy falle troch God's koer. Mar faeks bigjint der nou in klok to lieden Fier, fier yn 't noarden, út in smelle toer.... Oktobermoanne 1945 Vorige Volgende