en it alderneiste binefter hâldt, hwer 't it giet tsjin frjemd oer Nicolaas, de ienlingssoan, en dit muoilik forlies.
In libbensskiednis sa't der har tsientallen mei hûndert lytse farianten ôfspile hawwe en noch, op 'e Klaei, yn 'e Wâlden, yn 'e Súdhoeke. In gernierssoan tusken Ie en Eastrum wei, dêr't de Haisma's, Ikkerwâldsters oars, hinne slagge wiene en net út weelde. Klaes, in jonge mei in kop, dy't nei de legere skoalle heit, dy't swier siet, helpe moat. Dy't lang om let noch nei de Ulo rekket en in jier letter nei de Dokkumer Kweek. Dy't skoalmaster wurdt, dy't as Frijwillige Lânstoarmer syn sawn wike as sergeant úttsjinnet, de Fryske Akte hellet en in kursus jowt oan in tritich skoalbern to Eastrum. Dy't yn Ljouwert kwekeling mei akte wurdt, út in beurs ta de haedakte leart mei it doel om nei Yndie. Dy't graech reizgje en swalkje mocht, altyd al. Dy't in mislearre skoat weaget op 'e legere Ingelske Akte en dan mei in suvelboat as arbeidzjend passagier in reis nei Ingelân makket en yn Sussex de skoalbern de tael ôfharket. Dy't yn '29 trout en mei syn frou Etsje van der Veen út Wâlterswâld nei Sumatra ‘stekt’, dêr't er yn Medan bij it bysûnder ûnderwiis syn wurk fynt.
Sa fortelt de heit mar oan en wei. Hoe't de soan yn '35 mei in jier stúdzjeforlof yn it lân komt en to Amsterdam opgiet foar M.O. Ingelsk, dy't er hellet. Hoe't hja togearre yn dy snuorje ris op in kostlike foarjiersdei efter in polderdyk lizze en de soan him útlit oer syn ûnwennigens fan Fryslâns natuer en minsken dêrjinsen. Hoe't er nei syn forlof yn de Middellânske Sé de brân op 'e Marnix meimakket en dêr forslach fan docht yn de Lytse Ljouwerter. Hoe't er yn '38 nei Cheribon forfart en learaer wurdt oan in iepenbiere muloskoalle dêrre, in plak dat yn '41 om 'e sounens fan har beide bern forwiksele wurdt mei Bandoeng.
En nou dan dizze tynge. Fier fan frou en bern is er oan 'e diphtery stoarn yn it kamp Tjimahi op Java. Yn fjouwer dagen soun en wei. Syn kampfreonen hawwe soarge foar in passende bigraffenis.
‘Hie Jou soan yn 'e hûs al oanstriid ta skriuwen?’
‘Och, opstelmeitsjen en sa wie er as skoaljonge al in baes yn. Alhoewol, de Iester boppemaster hie noait net folle each