De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 39] [p. 39] Fedde Schurer: Strofen I. Profeten by troppen De wegen bin swart En party bin roppen Mar ink'len forkard. De lospriis wurdt helle Op swiere bitingsten Ta it lêste bitelle Mei bloed en eangsten. II. Men lêst by klassiken En nijere skriuwers Fan galgen en liken, Fan slaven en driuwers - Boppe't leed dat nea metten, Nea woegen noch teld is Sjongt in dwaes syn útlitten Gloria in excelsis. III. Flerk yn'e stoarmen, Saeijende miuw, Staet út'e noarmen Fan't wenstich bidriuw, Yn gefaer lef noch kjel, Oft hysels in oar wie - Mei de wyn op en del Sa't de fûgel it foardie. [pagina 40] [p. 40] IV. Hy is de argeleaze Dy't blynseach wint Dy't út wrek en weaze De himel birint, Dy't boppe de wieljende Ungroun wjokket En lykwols net fortwiivlet Of forûngelokket. V. Sjongend tsjin'e klippen Skiednis en needlot, Rebel foar it libben, Tobekslein op God, Jubeljend tsjin'e klippen Wraldeangst en lijen Komt it liet op syn lippen Nea net ta swijen. VI. Hy heart ta de knokploech Dy't sinleas yn't fjûr stie En't forwar net opjoech Doe't alles toloar wie. Grif wurdt ien dei de lêste Yn dit koart geding, En't sjongt jimmer it bêste Under Damocles' kling. VII. Hy, dy't rjochtop trochgiet By great alarm En floitet syn spotliet Op in stom unifoarm En syn marseillaise Troch de razzia - Kin it dy man wêze Dy't wy nedich ha? Vorige Volgende