De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 41] [p. 41] Anne Wadman: Ballade fan it leste liet Foar D.A. Tamminga In liet is mar in amerij, in sûkerkerl yn libbens brij, dêr't wy gjin side by bispinne. In nofteren man is wiis, en fij fan rymkjen en fan poëzij en lit in dichter stinne. Lykwols, wy ha gjin oare kar, yn Lûnden, Napels of Langwar: wy witte rounom fan gjin swijen. Wy hâlde oan en sjonge mar, al is't allinnich foar elkoar ta stipe yn noed en lijen. In liet is mar in foech momint, negoasje dêr't gjin mins mei rint, it pielen fan forgriemde stounen. Mar levert it ús ek gjin sint, dit goddeleas expearimint, wy telle it foar gounen. In dichtermansbistean is faei, syn reputaesje bros as laei, en as ús skylk de Rjochters winke, - fûtsy dit dekadinte skaei. Mar't liet is lang, it liet is taei en lit him net bikrinke. - - - - - - - - Prins, dy't ús wankele wegen liedt, as ienris Jins hân it sa biskiedt, dan swije ek de lêste harpen; mar op'e wyn syn wize giet, forivige, it alderlêste liet oer tobarnde, forlitten doarpen. Vorige Volgende