De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 42] [p. 42] A.M. Wybenga: Tún Kom mei nei myn tún mei de beam en de strûk, It gers en it perk en de hage, It is dêr sa simmersk, it sit dêr sa smûk: O sjoch, hoe't de beibeammen drage! Hoe kostlik dat bloeijen, dat blêd en dy blom, Dy wiksel fan weelden en kleuren! De wyn giet sa trinten de túnpaden om En boartet mei roken en geuren. O hearst wol dat ynlike blêddepetear, Dat núnd'rjen oer hearlike dingen? It wit fan de kleuren sa helder of tear In wrâld yn ús oandacht to bringen. Kom mei nei myn tún, nei de bank, nim in sit, Dêr kinne wy boartlik petearje Oer al hwat it herte oan weeldrigens wit, Oer dichterskip dat wy forearje. Kom mei nei myn tún, dêr is't leaflik en frij, En siz dêr de dream fan dyn herte; De sinne en de swietroken sille foar dij Dêr alles yn simmerljocht sette. Vorige Volgende