Fedde Schurer:
De libbene by de deade
‘Hwat kin my it waer skele, en de jildsanearring, en de Big Three - Ik woe Jo to wurd oer it probleem fan'e Fryske litteratuer, yn'e groun fan'e saek it probleem fan'e hiele Fryske kultuer. It binearet my. Sjoch, ik bin safier hinne dat ik as Frysk skriuwer moai aerdich namme krij, nimmen twivelet oan myn autoariteit op dit gebiet, inkelde domme lekskôgers en iggewearders útsein. Mar foar my stiet soms de hiele saek yn'e kiif. Ik fiel my faken as meispylder yn in Potemkiniade -’
‘Dus, it komt wer del op it probleem fan 'e Big One. Jo soenen altyd net sa mei problemen omeidzje. In fearnsieu lyn like dat er hwat op, nou is it út'e tiid. En al soe it by de tiid wêze, it is net soun, en alderminst intelligent. Stoarje in kertier op it ienfâldichste libbensforskynsel, en it berget in probleem yn syn skerte. De tûzenpoat dy't dwaende rekket mei de problematyk fan syn poaten, kin gjin poat mear forsette. De reedrider dy't him jowt yn't probleem fan it iis, sjocht oars net mear as skuorren en kin de âlfstêddereed wol ôfskriuwe.’
‘Moat der dan net tocht wurde?’
‘Mooglik wol, ik tink sels dat it needsaeklik is, mar dêr hawwe wy ús faklju foar. Jo neame Jo mien ik dichter, net?’
‘Ja, en it liket my ta dat Jo wol de lêste binne dy't rjocht hat om him smeulsk oer myn intelligenty út to litten. Kinne Jo dan alle problemen oplosse?’
‘Ut noch yn net. Mar ik kin der mei in gracieuze bocht omhinne ride. It iis is goed, mar de wekken moat men mije. Ride mar, foarútsjen om oan 'e ein fan'e baen to kommen. leafst as nûmer ien troch de kontrôle.’
‘Dus it giet om de Big One.’
‘Né, it giet om it riden. De beweging, witte Jo?’
‘Dat is in bernlik vitalisme. Hwerta in biweging, as it útgongspunt twivelich en it doel fictyf is?.’
‘Slacht dat op it libben yn it algemien of op de Fryske biweging en ús litteratuer yn it bisûnder?’
‘Miskien wol op beide. Mar lit ús net to fier fan ús sjapiter