De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Klaes Dykstra: Om Utens O, jow my jouns, as 't herte mimert, In eachweid oer 't bitroude gea: Hoe 't dauwe oer de fjilden skimert, D' âld huzing blinkt yn 't jounerea. Wol hieme lûden hearre litte: In fûgelrop, gesnúf fan fé - En - troch de stilte, út de fierte - It heimich rûzjen fan de sé .... Vorige Volgende