De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 48] [p. 48] Aldert Deelstra: It utein fan in doberfisker Sa seach ik dy - dy lêste jouns. Yn it boat stiestou - sa as altyd allinne. Mei in swaei fan dyn âlde earm Lietstou it jern fan de dôberstien rinne. Tsjin de gloed fan de ûndergeande sinne Op 'e romte - mei neat as romte om dy - En dyn swaeijende earms: Byld fan in sjongende Bard. Of woestou sjoen wurde as Godsman? Soestou jitte in wûnder útrjochtsje? Naemstou de kloet om it wetter to slaen? Dyn sulveren hier omkrânze as in kroane dyn holle. Wyt wolke it wei ûnder dyn forware pet. Dyn burd haffele op en del - wiet Hastich en rimpen kôgen dyn kaken. Dan bûgdestou dy en wist ik hoestou - linich noch - It ies oanslaen soeste oan 'e skerpe hoek. Om dan - mei in oare biwende swaei - It lêste fan de dôber yn it wetter to smiten Sa dat de triedden net fortiisden: Op Hoop fan Seine. Dan naemstou de kloet en snedich Loekstou in rjochte streek fan it boat yn it wette In eintsje fierder - krekt safier - Hiestou it útmetten yn al dy jierren? Krekt sàfier om in nije dôber ôf to swaeijen, Oan to slaen en dompje to litten? Fjouwerhûndert dôbers sa'n jountiid is in hiele rek! [pagina 49] [p. 49] Sa mei de rêch nei de sinne Mei dyn swaeijende earms: Aid man yn Fryslâns romten. Kjeld, stoarm, snie, heilstiennen en rein, Alle waer wie oer dyn holle gien. As de winen raesden en de mokken skreauden, Ek dan hiestou dyn dôbers sjitte litten, Waer as gjin waer - altyd wer: Brea. Sa hiestou de iensumens fan de romten sjoen - Op alle tiden - mar it measte dochs ûnder de sinne! De genedige rynsk waermjende sinne, Dy't op dyn alde bonken skynde, Dy gloed joech as fan in jongfaem. Moarns astou stiif fan 'e kjeld it sliepsté Fan 'e âlde wyldsjitter útkrûpste - stiif - Fan dy pear ûre sliep - kâld. Hwat koestou dan beevjende stean moarns. Mei de douw' om dy hinne, Yn Fryslâns romten en opsjen nei de sinne.... As de nachtskaden jitte yn de reidplûmen hongen En de rop fan 'e teapert oer de lannen lei! Mar hwerstou stieste: de sinne. Hoe hevestou dyn hannen - forwrotten Trochklomme hannen - op nei dy gloed. Dyn oantlit fol fâlden - fol tearen - Mei in glâns ofstou goekinde trofst'. - - - - - - - - - - - Dy jouns roeide ik dy foarby. Myn riemmen hâldde ik yn. Under it kloetsjen stiekstou dyn hân op. Dyn iene - en yn deselde swaei fan dy groet Joechstou it roer in set. Hiestou gjin tiid? Gjin praet? [pagina 50] [p. 50] Wiërstou stuiterich? Of briek it ljocht yn myn eagen - Wiet fan it stoarjen nei dy - Sadat ik dy allinne mar knoffeljen seach? De jouns let seach ik dy gean.... Nei it âlde sté by it healân. Tusken reiden en tuorrebouten.... Dêr soestou sliepe.... De himel wier ien great wûnder fan stjerren Dy't allegearre dy koene - fan al dy jierren, Dy, Kening fan Fryslâns romten. Stil - wie it. - - - - - - - - - - - Dêr foun ik dy de oare deis. In hea-opperke hiestou opmakke En dêr wiestou op lizzen gien. Né - net mei de holle nei de groun. Tofaken al hiestou yn dyn libben dy derhinne bûgd. Hûnderten kearen deis - astou dôbers fandelst'. Mar omheech mei dyn âld forheven oantlit En nei it Easten! Hiestou him oankommen sjoen en dy rémakke? Hiestou him kloetsjen heard dy nachts En witten dat er om dy kaem? As in haeijer yn de middeissinne wiestou to rêst gien, Mar wiet wiene dyn klean fan nacht. Ik sels haw dy optild en yn dyn boat lein. Dêr mei de holle nei de mêstelbank. Ik roeide nei it Westen - mank mokken Dy't krasten en skreauden.... Sa bistou gien.... Iensume wachter fan Fryslâns romten. [pagina 51] [p. 51] Dit wie dyn ôfskie: Dyn stjerbêd de ierde. Dyn tsjûgen deromhinne de stjerren, Tuorrebouten dyn deabidders. Under it ûneinige fan Fryslâns romten Hiestou frede foun, Frede dy 't myn forstân to boppen gong. Dyn dôbers haw ik ophelle. Opsketten sa astou it graech hiest' Der siet neat oan.... Vorige Volgende