De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Wybren Altena: In ferske.... In ferske fan wille op it golvjende wiet Dat tyspelt my aloan om 't ear. It wyske is âld, de meldije sa swiet, Mar de wurden, dy ken ik net mear.... It giet oer in boatsje dêr earne by Grou, Oer wyn, sinne, mar en in faem. De loften dy wiene as har eagen sa blau, De wolkens sa wyt as in laem.... It giet oer in pôlle mei boatsjes yn't lang, Oer blommen en fûgelgepiip; In raeike, dat aeide oer in kûltsje yn't wang En in famke, dat lake yn'e sliip.... It giet oer gedjoei yn oeribel lang gers, Oer kroljend blond hier, sjoch ris oan. Och toe, dat ik nou dochs de wurden net ken, Ik ken de meldije sa skoan.... Vorige Volgende