| |
| |
| |
Manljueskwartet Psalm CXXXVII
Opmerklikerwize krije wy sahwat tagelyk twa nije birimingen fan Psalm 137 foar de Tsjerne tastjûrd; ien fan Gerben Brouwer en ien fan Kees Meijer. De lyktidigens fan ûntfangst bringt ús op it idé fan dit duo in kwartet to meitsjen, troch oan dizze twa jitte ta to foegjen de fortaling fan A.M. Wybenga (It Psalmboek yn Fryske Biriming, Osinga, Boalsert 1923) en dy fan Fedde Schurer (út syn noch to forskinen psalmbirimings.) It is nijsgjirrich om nei to gean hoe't fjouwer dichters op itselde thema, en ek op itselde rymskema útelkoar geane of byelkoar komme.
Wy litte de proazatekst út de Fryske Bibel foarôf gean; dan folgje de biwurkingen fan de fjouwer dichters neffens de alfabethyske oarder fan har nammen.
| |
Bibeltekst:
Oan'e streamen fan Babel, dêr sieten wy en skriemden, as wy tochten oan Sion.
Oan'e wylgen dêrre hongen wy ús siters op.
Hwant dêr fergen ús oerweldigers ús op'e wurden fan in liet, en ús birôvers op blydskip, sizzende: Sjong ús in liet fan Sion!
Hoe soene wy in liet des Heare sjonge yn in frjemd lân?
As ik dy forjit, o Jeruzalem, myn rjochterhân mei harsels forjitte!
De tonge mei my klibje oan it forwulft, as ik oan dy net tink, as ik Jeruzalem net heevje boppe it heechste fan myn blydskip.
Tink, o Heare, oan Edoms bern, de deis fan Jeruzalem, oan harren dy't seine: Untbleatsje it, ûntbleatsje it, oan de grounfêsten ta!
En o, dochter fan Babel, omtrint forwoaste, loksillich dy't dy forjildt hwatstû ús misdien hast!
Loksillich dy't dyn bern grypt en tsjin'e rots topletter slacht.
| |
| |
| |
Gerben Brouwer:
Yn Babylon, dêr sieten w'oan rewieren -
Dêr suchten wy, dêr weinden wy ynfieren -
As wy oan Sion tochten, gong ûnstjûr
Us kleijen Babels wide wetters oer;
En, hoe't wy earen ta syn gloarje songen,
Wy hiene ús harpen oan'e wylgen hongen.
De fijân frege ús om in liet to sjongen;
De rôvers, dy't ús finzen namen, twongen
Om de âlde fleur, wy suchten fan fortriet,
En wisten fan gjin wille mear of liet;
Hoe soene wy in sang fan Sion sjonge
Op frjemde groun, yn eigen tael en tonge!
Jeruzalem, soe ik oan dy net tinke,
Sa mei myn rjochterhân ûnmachtich sinke;
Myn droege tonge mei fan toarst forgean,
Soestû net jimmer yn myn tinzen stean,
En soe ik dy, myn alderheechste wille,
Boppe alle ding net ta de himel tille.
O Heare, tink om Edom, dy't yn grime
Syn hún en haet ús wreed yn de earen flime;
(It wie de lêste dei, de lêste joun,
De lêste drôve tocht oer de âlde groun):
Wei mei Jeruzalem! fan de ierde fage!
De fûndaminten bleat! it folk forjage!
O Babylon, dû dylger en dû deader
Heil, dy't dyn skuld forjildt; heil, dyn forhearder!
Heil! as de wrek, dy't yn ús wynt en tynt,
Syn sterke tôger en folfierder fynt.
Heil, dy't dyn bern, (o jimme dy't ús tergen)
Forplett'ret tsjin de rotsen fan de bergen!
| |
| |
| |
Kees Meijer:
Om utens, oan de gersbiwoechsen seamen
Fan Tigris en Eufraeth, de brede streamen
Dy't bochtsjende troch Babels geaën rinne,
Dêr sieten wy, en skriemden hjitte triennen
Hwannear't wy oan ús dierber Sion tochten,
As wy dy púnfal yn'e geast bisochten.
In djippe drôvens hat ús hert bifongen;
Us harpen ha wy oan'e wylgen hongen.
't Fijannich folk kaem dêr om ús to húnjen,
Us spotsk ta psalmesjongen oan to trúnjen;
Wurden fan freugde woene fan ús hearre
Hja, dy't Jeruzalim forrinnewearren,
Sizzend: ‘Heu jimme dêrre, net sa treurich,
Sjong ús in Sionsliet, dat makket fleurich.’
Hoe soene wy, ta ballingslibben twongen
Yn in frjemd lân, in liet des Heare sjonge?
Mocht ik, Jeruzalim, dy ea forjitte,
Dan mei myn rjochterhân harsels forjitte;
Dat my oan it forwulft de tonge klibbet
As de oantins oan dy net mear yn my libbet.
Tink, Hear, oan Salims dei, dy't wy bikrite,
Strafje de timpelskeinende Edomiten,
Dy't rôpen, ûnder't tomm'ljen fan de binten:
Liz bleat, liz bleat Jeruz'lims founeminten!’
Dit witte wy: ús dagen wurde ljochter,
Mar tsjuster is dyn takomst, Babelsdochter!
Dû krijst de straf foar al dyn grouweldieden,
Forwoaste wurdst, weifage fan de ierde.
Wolsillich dy't - ast yn'e ûngroun stoartste -
Oan dy forjildet, hwatst ús oandien haste,
Wolsillich, dy't dyn lytse berntsjes fettet
En tsjin de rots har teare liif toplettet.
| |
| |
| |
Fedde Schurer:
Oan de ein fan al ús winsken en ús dreamen,
Sa fier fan eigen hûs, oan Babels streamen,
Dêr sieten wy en skriemden bûten rie
Sa faek ús hert by 't hillich Sion wie;
Wy hongen drôf ús siters oan'e wylgen
Om't hja ús lân, ús stêd, ús hoop fordylgen.
Hwant hjir jit moast de oerweltiger ús tergje
En ús op wurden fan in feestsang fergje;
Hjir húnde ús jit de rôver mei syn rop:
Kom, helje ús nou in liet fan Sion op!
Hoe kinne wy? Hoe soe ús mêdde tonge
Yn't frjemde lân in liet des Heare sjonge?
Soe'k dy, Jeruzalim, in stoun forjitte,
Myn rjochterhân mocht fan harsels net witte!
Myn tonge klibbe oan't forwulf my fêst
As ik oan dy net tocht, myn ljocht en rêst,
As ik de stêd en 't âldlân fan myn berte
Net boppe't heechste fan myn blydskip sette!
Forjit net, tink oan Edoms bern, o Heare,
Tink hoe't dit folk ús ta de dea bineare,
Tink hoe't hja Isrel stieken nei it hert:
Forjit de doemsdei fan Jeruz'lim net,
Doe't hja as wolven't hillichdom birounen
En seine: Untbleatsje't yn syn djipste grounen!
Strak, Babels dochter, is dyn tiid forfolle,
Dan slacht ûnkearber't oardiel op dyn holle.
Loksillich hy, dy't op dy wrakedei
Hwatst' ús misdiest' oan dy forjildzje mei!
Loksillich dy't dyn bern, hoe lûd hja krite,
Dan gripe sil en tsjin'e rotsen smite!
| |
| |
| |
A.M. Wybenga:
Wy leine yn't stof, wy gûlden hjitte triennen
Doe't wy yn't ûnk by Babels streamen wiennen,
Hoe near wie't ús, hoe woun yn nacht it ljocht
As't hert yn leedzje oan't heilich Sion tocht;
Elk hat syn harp, - hwa soe sa tinke oan sjongen? -
Yn bitt're klachte oan treur'ge wyljen hongen.
De fijân doarst by al ús ûnk ús tergje,
Us op in sang, in liet fan Sion fergje;
Hoe mochten hja, dy ûnbisnienen, 't ha
En ride ús nei, narje en forhúnje ús sa?
Wy gjalpten't út: hoe soe ús droege tonge
Yn't frjemde lân in liet des Heare sjonge?
Jeruzalim, mocht ik dy oait forjitte
Dan mei myn hân net fan himsels mear witte!
Myn tonge mei fortoarje as ik ien wink,
Net oan dyn berch en't hillich wenplak tink,
Droech myn forwulft, al't wé oer't dwyljend herte
Mocht ik Gods stêd boppe alle nocht net sette!
Tink, Heare, tink, hwat binne wy forsmiten!
Hoe hunen ús by't fallen de Edomiten!
Noch sjocht ús each dy wrede tergers stean
Mei't boalewurd: toropje har de klean,
Liz bleat, liz bleat, lit har as tsjef forstouwe,
Der mei gjin stien op't founemint mear bliuwe.
Dy Babylon! wy sjogge tel dy fallen!
Loksillich hy, dy't kladdert oer dyn wallen,
Dy deadlik slacht, dy't kwea forjildzje mei
Datst ús misdychtst'! Dû sakkest ringen wei,
Dû doarst to stûf it hillich Bounfolk narje:
Dré sil Gods wraek gjin leat noch bern dy sparje.
|
|