Tseard:
Tabak
Ik bin dûmny yn in doarpke op 'e grins fan Sakse- en Frankelân. Mar ik bin in Fries. En dus in st\^fe smoker. Niiskrektsa hie 'k boadskip by in man, dêr 't op 'e kas twa folle healpounen Douwe Egberts leine. Ik hie se lêsten ek al lizzen sjoen, mar doe woe ik syn wiif der net nei freegje. Nou wie hy sels thús. En ja, man, it wie sa. Hy wie sa gol en prissentearre my in eigen-bou-segaer. Doe't ik dêrmei thús-kaem, sei myn wiif: Dy rûkt lekker! Ik sei neat. It ding barnde fansels bryk en ik soalde him yn'e jiskebak. Hwant ik ha, al sit ik hjir yn in lyts doarp sûnder Kanadezen, dochs ek al ris in Sweet Caporal smookt. En slimmer jit, ik hie joun Douwe Egberts sjoen! Twa kladden fol. En doe ha'k in túntsje-tabaksegaer oannomd. Ik skamje my. Bin ik in Fries? Hie ik it produkt fan Fryske yndustry net opeaskje moatten foar Fryslân? Foar de Fryske dichters, dy't sa'n forlet ha? Foar mysels fansels alderearst, dan hie 'k nammers ek mei rûzjende lyryk yn dizze Tsjerne meidraeid, wylst nou stoatelich proaze dochs net sizze kin, hwat ik sizze wol.
Ik skamje my, hwant ik wit; ik bin lef. Dy twa healpounen lizze der nòch en dy Saks smookt sels tonearsten ek noch mar eigen-bou. In nuver sin, mar ja, in Saks nou?
En nou hjit it, hja sille ús de hieltiid mûltergje mei de wike in fearns-ûns tabak. In heal-ûns, seine Jo? Né man, de helt fan in heal ûns. Nea fan heard. Douwe Egberts die soks net; dy forkoft healpounen, en op syn slimst healûnskes. Douwe Egberts pielt nou mei snúftabak.
Men soe skrieme. Men soe - mannen, ik ha fan 't jier ek tabak boud. Fedde hat der sels al fan smookt. En op V.J.-dei, dyselde 16de Augustus, foelen hjir heilstiennen en dy ha as atoombommen myn skoandere blêdden toroppe.
Dochs ha myn wiif en ik ek mar efter it mesyk oan west en mei yn 'e govert.
En do seach ik Emmy. Emmy is it Joadefamke, dat hjir noch is. Fiif jier krapoan. Oardel, doe't har mem nei Switserlân flechte. Dy is nou werom. Emmy koe har net mear. - Emmy