De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 59] [p. 59] Sjoerd Spanninga: Brief fan Don Juan Spanje is yn dyn moarswart hier En dyn bikoarlik antlit, O dochter fan Andalusië! Dyn lippen binne sa fris as druven Yn 'e tiid fan de rispinge, En dyn wangen ha de kleur fan ljochte oliven; Ek hastou de noas en earen fan in jonge segeunerin. De libbenstier ljept út en yn dyn dûnkere eagen As it boartlik geflûnker fan in wjittering Under de lange teisters fan fynfearrige leaven; De sierlike wynbrauwen binne dêroer as in bôgjend forwulft. Ja, dyn gracia is allyk in bûntsidene sjael, Of de koartswiligens fan in prinsesse, As simmerfûgel flinterjend Troch de foarstlike sealen fan it Alhambra, De reade keningsstins, Yn de dagen fan de Islam; In fontein fan wurden springt op út it moarmeren bekken fan dyn tosken. It dertene rokbiweech om dyn hearlike fuotten Longert nei de dounsjende wille Fan in fandango, En it wytwjokjend kantwirk fan dyn mantilla Hat de feestlike fleur fan it âlde Sevilla. De ûntweitsjende weelde fan dyn sêft-tinende boarsten Is kostlik en fol ûnthjit Als de oranje-hôven yn it foarjier. Fan dat de iere moarn him slieprich útrekt En slûchtrêd oan 'e kym forskynt, Om dan sterk as de dei Syn gouden sinnespearen to slingerjen Nei de Sierra Nevada, De bergen, dy't snie op 'e skouders drage, Oàn't de sereno sjongend omgiet yn de strjitten [pagina 60] [p. 60] Fan Granáda, En in ûntsachlike macht de blinkende moanneskiif As in diskus oer de nachtlike stjerrefjilden goait, Wrakselet myn langstme mei de têdde ûren, Dy't my skiede fan it stille lok, Dy wer kuijerjen to sjen Mei in toaisel fan roazen út de paleistunen, En de muzyk fan dyn lûd to hearren Under it foarbygean. Doe't ik myn capa útspraet haw Foar jim drompel, Bistou mei in tankbere laits Oer myn blide forwachting yn 'e hûs roun, En de heimige tael fan de waeijer Yn dyn hannen Makke my dronken En oerémus As de klank der castanũelas By in gitaer to skimerjoun. Hwannear, o fanke mei dyn leave loaitsen, Kin ik komme, om de kalkoen to ploaitsen? Vorige Volgende