bern boppe de tweintich. It is allegear symptomatysk, - men soene hast sizze kinne: symboalysk foar Fryslân: dizze foar 't each sêftsedige mar as 't nypt fanatike bikearingswarberens ûnder in litterair forniske. It is sa weak, sa slakkich, sa forfelend en toar fan boargerlikens en lytsens, dit gediker yn 'e moaije natuer, dit gefrij en geboask ûnder Gods alsjend Each, dit geëamel oer suverens fan geast en reinens fan hert, dit skynhillich, snokkerich gepiel mei hertssaken en gewissekwesjes. As ús Fryske geast net ta skerper, yntelliginter, oertsjûgjender uteringen yn steat is, as men gjin better spikers mei koppen slaen kin, as men neat oars bistammerje kin as de naïve leafdes, hertskonflikten en sentimentelichheden fan in dreamerich jongfeint, as de leaflike steat fan in Frysk natuerrisservaet, - dan stiet it mei Fryslân faei en kinne wy ús opbergje.
Op dizze grounen is it, dat in forantwurdlike Fryske krityk, nettsjinsteande alle goede bidoelings fan 'e skriuwer, in boek as dit ôfwize moat. Hjir wie gjin forlet fan, dizze energy hie better oars brûkt wurde kind, dit pompier bistege foar ekonomysk nuttiger doelen.
Wy ha gjin rjocht en freegje masterwurken yn 'e wrâld-litteratuer, wy ha gjin skreauwend forlet fan litteraire byldhouwurken yn greate styl of fan Gullbranssonniaenske trilogyen. Hwat wy freegje meije, hwat wy perfoarst nedich ha is in fris, nij lûd fan in skriuwer dy 't hwat oandoart, dy 't net sa slommerich driuwket op 'e wenstige sentiminten en him net sa hopeleas fêstbyt yn 'e tradysje en de ôfseage procédé's fan trije fjouwer generaesjes. Wy moatte oare, nijsgjirriger paden biwânnelje dêr 't mear aventûr yn sit. Lyk as wy de rintnierspoëzij oerwoun hawwe, wurdt it ek heech tiid dat wy it winkelmânsproaza to boppen komme. Hwant dit healweak gedoch bitsjut de dea foar Fryslân en sûnder dat men slij is nei artystefrasen en bohémiënisme: in skriuwer is hwat oars as in automaet dy 't foar f 2.90 in 170 siden sentimint en Kristlike démoed úsnokkeret. Jow ús dan leaver in litterair mislearre boek, dat ris út 'e wenstige hegehuoddesfear weibrekke wol, dat foar myn part stjonkend en brykskonkich modern is.
Wy hawwe to striden tsjin de pest fan it gewoane.