De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 22] [p. 22] Marten Sikkema: 1944 Hjoed leit ús âffears erf forwâdde, Drinzge yn triennen en yn bloed; Hjoed hearsket frjemd, en for ús âlde Oerirven rjucht stiet nimmen noed. Troch neare nachten slacht de lôge Fen skoand're pleatsen yn 'e brân, Us kij en hynders binn' fortôge, En ûnrant tierret oer it lân. Us dochters slaevje yn frjemde wirken, Net ien sjongt -mear it âlde liet; De âlden stjerre ûngemirken, Uttard fen hûnger en fortriet. Us soannen wirde, snoerre hannen, Foartsleept, ef smoare yn hjar bloed; Swier stiet de lears oer al ús lânnen, En nimmen priizget mear it hjoed. Bisterkje den de barrikaden, Slypje tomûk it flymjend stiel; De fijân tiist al yn syn paden, Forrie en skande wirdt syn diel. Hâld moed, God scil de wrâld regeare, Hy merkt ús trien, ús snok, ús sucht; Hy scil de fijân ringen keare; Wer scill' wy libje, Him to 'n eare, From en ienfâldich, sljucht en rjucht! [pagina 23] [p. 23] In Memoriam Myn frjeon, ik seach dy wol twisken safolle, Dy wintermoarn op 't dizenige plein: De eagen djipper yn 'e wite holle, De mûle smel en bliedend; ik bin tein. Ik hearde de kommando's yet fen fierren, It slaen fen learzens op de doffe groun, En 'k libbe hiel jim haet en hiel jim stjerren, En 'k wist: jim fûsten wierne snoerjend boun. Myn frjeon, dou stiest wol fêst; boppe jim hollen Hat read de flagge fen oerwinning waeid - Wier dêr myn plak? It lot hat sa net wollen, Mar yn myn herte hat de hoanne kraeid. (1943) Vorige Volgende