De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 21] [p. 21] Sjouk Koopmans: Fen 'e wemoed Dû wémoed om hwet gien is, frjemde pine, Yn blide bernejierren koe 'k dy net; Nou scoe ik swalkje wolle en dy ûntwine, Nou falst my faken as forrie om 't hert. Dû warest Maitiids mei 't de fûgels keare En de âlde abeel syn blêdden glinst'rje lit; Rjue hjerst'ge jounen kin 'k dy net forneare O wyn, dy 't yn 'e havene tûken sit. Dû wierst mids rûz'ge droktme fen dy dagen Dy 't lyk ûnripe fruchten yn myn tinzen stean - Is 't wier, ha inkeld dichters dy to dragen, Ho heech is de ynset den, ho skriel it lean. Dû kaemst en gyngst en komst - neat kin dy bine, Mar jimmer bist den master fen myn hert en liet - Dû wémoed om hwet gien is, frjemde pine, Lit my de rêst dy 't boppe eltse wiks'ling stiet. Vorige Volgende