| |
| |
| |
Anne Wadman:
Moanne oer iis
Dit wier de twade kear det ik yn Maeike eagen stoarre as nei in fiere kym. Dy earste kears wieme wy bern yette, jierren forlyn. Nou wier se hjir wer, in hast folwoechsen frou ynsté fen it bluisterige opslûpen fanke fen do. Yn it doarp gie se foar in wyldekat, mar det giet men sa gau yn 'e mûle fen 'e skynhilligen en fen dy 't net iepenlik wrokje doare oer it forlies fen 'e jonkheid. Ik mei dy wyldekatten wol.
Us wegen wieme út elkoar gien en nou krústen se elkoar wer for in joun. Frjemd, nei safolle jierren, as siet der in Hegere Macht efter. Mar ik leau net yn 'e mystyk fen Hegere Machten. Nou siet hja nêst my, hjar hân yn mines, as hearde 't sa en scoe 't nea net wer oars. Under it taffeltsje leine hjar redens, op hjar skoat de greate grize tûmwanten. Hjar wangen wieme read, nuvere reminescinsje oan it bjinstap. En hjar eagen doarmen ûnrêstich, sa hwet freegjend om help. Hwent hja wier bang en woe hjar wol, lyts, efter my forskûlje. Ik wier dyjinge dy 't helpe moast en in keardel útmeitsje, det like net bêst. Op in distânsje siet Germ, myn grouwélige tsjinstanner, dy 't gjin each hie for it sportive elemint yn dizze striid. Hy seach oan ien tried wei ús kant oer, mei in each der 't hate yn glinstere. En me koe sjen det syn fûsten fen stiel wierne, grouwe boerefeinteknûsten, der 't myn bleke yntellectuëlehannen tiermerige stêdsjifferkes by útmakken. Tsjin him, Germ, moast ik in famke biskermje dêr 't ik saeklik sjoen gjin bilang by hie en det godwyt hwet for riedselaftich bilang by my hie, noedlik ûndernimmen as men for in freedsum en humaen minske opbrocht is. In nuvere sitewaesje: hwent hwet hie ik tsjin dy jonge, hwet stie my yn 'e wei om yn noarmale stân fen saken syn maet to wêzen? Ik koe de jonge amper. Sa kin men yen sels yn 'e fingers snije, om in ding fen neat, in casu in geastlike krêftmjitting der 't in bidroefden bytsje eare oan to biheljen foel. It kaem nou inkeld en allinnich omt it Maeike in oerdwealsk momint hage hie him to bidonderjen, en my, hjar der ta oan to setten. It gyng sa: earst dounse se mei him, tige knoffelich en houten, letter mei my, ryklik stiif
| |
| |
tsjin my oan en min of mear mei graesje. Do krige ik it yn 'e plasse en freegje oft hja mei my woe, dy jouns. Hja sei: Ja wol, mar.... Det wier alles, dúdlikernôch oars, hwette.... Do gie ik nêst hjar sitten en iderkear dounse hja mei my, yn myn earms en oan myn hert. Ik hie de kliemske wirden mar for 't gripen, det eins net iens nedich west hie. It wier sa'n maklike oerwinning, det ik koe der mei de bêste wil net greatsk mear op wêze. Mar dochs: trochspylje mar, toan dyn akteurstalinten, lit dy net kenne. Ik spile, yn bloedigen earnst, it spil lei my wol en loek my ek, ik siet allinne slim mei Germ oanklaud. Hy like net in noflikenien.
Hja streake hjar hân oer mines, as in lytse foreale kat. Hja dronk út hjar romer en út mines, hold him tsjin 't ljocht en lake my ta. Ik wist wol hwet det laitsjen bitsjutte: - dit is wer krekt as dy oare kears, dy simmerjoune oan 'e feart, do 't wy frijden en mâljagen yn en om in hea-opper, ta de nacht út, wyld en jong en oerstjûr. Mar det wier foarby, al sa lange jierren, it fornuvere my hyltyd wer det ik it my yette sa klear to binnen bringe koe. En dochs: foarby. For my tominsten.
- Hwet scil it weze?
- Jow my noch mar hwet fen det gûd, sei hja. It smakke dos wol wakker skoan. Hja lake tsjin my en ik seach dyselde rige lytse wite feninige tosken dy 't my do sa gek makke hiene. Do....
- Hast dyn wynbrauwen skeard, Maeike?
Hwerom andere hja nou forheftich: Né, skodzjend de ljochte krollen, wylst elkenien sjen koe det it al sa wier?
Hja lake wer, - om my to mislieden? O det sniewyt fen dy tosken, det it my nou neat mear makke....
- Dou bist in skat, Maeike.
- Det wist ik wol, Geart, oars hie 'k net mei dy gien joun. Tomûk reizgen hjar eagen efkes de kant fen Germ oer, me koe noait witte, n't wier?
- Witst noch wol fen dy oare kears, do dêr yn 't hea by de feart?
- O ja, do mei dy skipper, nou, dy 't ús....
- Skipper?
Né, der kaem gjin skipper oan ús frijerij to pas, wel né.
| |
| |
Dos: hja wier it hiele gefal al sa'n bytsje forgetten. Hearlik fanke. Alhowol....
- Né, gjin skipper.
- Gjin skipper? O né ommers, det wier do mei....
- Nou, siz op!
- O, mei Berend, leau 'k.
- Soa.
Ik like wrychtsjes wol jaloersk op dy Berend, sa fyn ynlein grimitich kaem det ‘Soa’ der út. Hja gyng der op yn:
- Hwerom: Soa?
- Neat ju.
- Of fynst it slim det ik do mei Berend west ha?
- Och, wel né ju, ik ken dy hiele Berend net. Of is 't sims ien fen 'e Goeskes fen 'e Pôlle?
- Ik leau it al. Kom jonge, dounsje, - hjir.
Goed, wy dounsen, wakker deun tsjin elkoar oan. It wier waerm en rikkerich en stonk nei kuil. Der spile in harmoanika en immen sloech forwoeden op it slachark, efter de reek. Gûds songen mei, lûd fen: Die mooie molen en: Ik zoek een meisje. En twisken syn maten siet Germ to loeren: greate grille eagen boppe in glês bier, almar ús efternei. En wy dounsen mar en lústeren elkoar foreale wirdtsjes yn 't ear. Joun wier se fen my, dy lytse wyldekat yn myn earms, moarn for myn part wer it rjuchtlik eigendom fen dy Germ. Yn 'e groun fen 'e saek liet se my stienkâld, yn myn hert, as ik sa'n ding ha, hie se qjin plak. It wier faeks gemien fen my, skynhillich, baetsuchtich, ik forrifele hjar mei in flutterich ôftreksel fen greatestêdsmanearen. Ik mocht winliken wol in greaten skurk hjitte, in fint sûnder hert, sûnder meilijen en sûnder gewisse. En dochs wier se ljeaf, o sa ljeaf. Nea hie in faem sa hartstikke ljeaf en sa troch alles hinne grien tsjin my west. Det ik skandlik misbrûk makke fen hjar folslein bitrouwen yn myn oprjuchtens en myn riddereftigens, der hie hja gjin erch yn. Se seach myn lakswiete Don Juan-pose oan for in utering fen wolmiende ljeafde en tagedienens. Miskien like 't der ek wol hwet op: ik wier min of mear bitûft yn soksoarte dingen.
- Maeike?
- Mm?
- Scoest my in tút jaen doare?
| |
| |
O det hier by hjar ear, sa waerm, sa sêft prykjend....
- Nou, hwet tochtst?
- Jawol fensels.
- Dêrre den. Mar nou net wer skoaije, hear.
Ingel, ingel. En dochs liet hja my kâld, kâld as in stien. Ik hie de gek mei it hiele spil, goedbisjoen. It wier om yen in bochel to laitsjen.
- Geart?
- Ja? Mei weake bûging fen stim.
- Fynst my in bytsje ljeaf?
Jawis foun ik hjar ljeaf, o sa ljeaf.
- Hwet tochtst?
- Né fensels....
- Den bist mis. Dou bist in skat, in.....
Ik wit net hwet de ljue dy 't seagen tocht ha, do 't ik hjar tute, samar ûnder it dounsjen wei. En likemin hwet Germ tocht, mei syn tearen yn 'e holle fen it dreech prakkesearjen en útstinnen fen plannen. Ik wier bang for him, pûrbinaud. It wier ek gjin partuer: hy in gewûpsten boerefeint, like redsum mei syn ilige fûst as mei syn knyft. Ik in sloppe sukkel, ien sûnder hier op 'e tosken, in dekadinte boekewjirm, in Rjue Eale Hear. It barnde my yn.
En dochs: fierder boartsje. Oan 'e ein ta.
- Maeike?
- Nou....
- Sci'st in bytsje om my jaen, joun?
- O jonge....
Do foel der in bierglês oan diggels. Ik seach net krekt hwer as it barde, mar tichte by Germ en dy. Der foel noch ien en noch ien. Hwet hie det yn, trije kear efter elkoar? It moast in warskôging weze, in ultimatum, om dizze ûnsinnige en ûnsillige boarterij net fierder to driuwen. Ik hie de moed om to sjen. Germ siet foar him út to stoareagjen, by my lâns nei Maeike. Hy hie de hannen twisken de knibbels ûnder de tafel. Syn eagen stiene great en roun yn 'e brune troanje. Ik bisocht nochter nei to tinken. Mar 't iennichste der 't ik ta kaem wier: Myn eare forbiedt my bilies to jaen. Wy dounsen fierder, de douns in dream der 't wy ús yn optild fielden, in bjusterbaerlike dream fol heimsinnigens en driging. It fallen fen in glês,
| |
| |
trije kear efter elkoar wier in tsjuster, needlottich teiken fen wankend ûnheil. It spriek dúdlik en funest. Mar ik leau det Maeike der gjin bilul fen hie, hò faei as 't der winliken foarstie. Ik hold myn earm biskermjend om hjar hinne en se kroep my yette tichter oan, mûlk eande se dochs hwet. Ik fielde hjar boarst hymjen. En ik tocht, yn ienen wer tige klear: Ik moat for hjar fjuchtsje, for dit earmetierich brokje mins det hjar oan myn skouder nestelet moat ik myn eigen hachje op it spil sette. It spil, just. Mar dochs: ik spriek mysels moed yn: Ala, den mar stjerre as 't oars net koe, myn hachje wier ek neat minder earmetierich as hjarres, as men der goed ynkaem. Stjerre, oft it de moeite wirdich wier of net. Is it faderlân kostberder realiteit as dit bange minskebern oan myn skouder?
- Hwêr tinkst oan, Maeike ju? Ofliedingsoffensyf fen myn kant.
- O.... as Germ nou ris....
- Gèrm? Hwet Germ yn 'e goedichheid?
Gemien fen my, sok sizzen.
- Och, nou Germ, dou witst wol....
- O dy....
En ik wiisde nei Germ, domdryst, hwêr't ik de moed fendinne hie, - Joast mei it witte. Germ syn eagen waerden greater, noch greater. Mar dochs wierd er dúdlik efkes forslein: soks hied er fen my net forwachte, iksels ek net. En foartdaliks wier syn each wer ien brok grime haet.
- To ju, bist gèk? hie se sein ûnderwilens. Ik hearde de wirden efterôf pas.
O hwet bearde det raer út hjar mûle, det: gèk. Det wier gjin wird for in ljeaf famke, sa'n fiskwivetoan....
- Mar hwet ìs der den dochs mei dy Germ, frege ik.
- Hy wol my joun thús bringe fensels.
- As dét alles is? Hy kin wol mear wolle. Ik scoe dy dochs thúsbringe?
- Hwet tochtst den det ik oait fen myn libben mei hìm woe?.... As ik gèk wier!
Nou moast ik hjar einliken gek-forklearje. Det ik ek tafallich witte moast det hja al in wikemannich mei dy Germ omsloech. Mar hawar, de iene ljeagen lokket de oare út.
Do hold de harmoanika op, wy klapten yn 'e hannen, det
| |
| |
hearde sa. En hja klapte it fûlst fen allegear en it langst. En seach hoopfol nei de muzykmannen mei hjarren biswitte troanjes. Mar dy griepen nei in farsk glês bier, det skomjend ré stie.
En wy sochten kringend ús sit wer op, hân yn hân en praetten, folle net genôch. Mar ús herten bleauwen elkoar frjemd. Ik joech ommers neat om hjar, ik woe hjar allinne mar oan myn foetten krûpen en woeljen sjen, mei it sadisme fen in wreed tyran. En hja streake myn hân en knypeage tsjin my, as bigriepen wy elkoar wakker skoan. En hja hie der, lytse wyldekat, gjin aen fen ho faei as 't stie en ho gemien, trochtrape gemien as ik wier. Of wol?
- Ja fanke, wy geane nei hûs.
Ik tute hjar do't ik hjar yn 't gonkje efter de jachtweide de sjael omboun, hwet knoffelich yn 't healtsjuster. Myn hert, de bloedspier alteast, sloech lûd. En earm yn earm roune wy it paed del nei de feart. It frear bêst en de moanne stie roun en skerp as stiel twisken kâld en fierôf flûnkerjend stjerregûd. It waeide moai hird en wy hiene yn 'e wyn, seach ik wol, it scoe in hiele skouwer wirde. Mar to mar, men docht hwet....
Ik tute hjar ear 't wy op it bjinstap ús redens ûnder bounen.
- Ik bin sa bang, sei hja, hwette helpleas. Ik tute hjar yetris, út meilijen en om hjar moed yn to jaen, det wol nedich wier. En om tiid to finen my to ûntwinen oan it needlottich antwird: Ik ek, det my op 'e lippen laei.
- Bang, hwerfor?
- For Germ, fensels.
- En ìk den? Tinkst det ik dy yn 'e steek litte scil?
- O né fensels, ê né, - ik bin net bang, ju, det sei 'k er mar om.
- Ljeave skat.
Wy streken de opfeart del, do de greate feart op, ûnder de tille troch. Hja wier wirch, ik mirk it wol al sei se fen né, hja liet hjar meislepe en stie wakker slop op 'e ankels. Mar ljeaf bleau se, ynljeaf. Hielendal net gèk.. Det sadwaende tute ik hjar as se efkes losliet en stean bleau om út to pûsten.
- Moai sa to riden, fynst ek net? Moatst dy moanne ris sjen.
| |
| |
- Ja prachtich.
- O hwet fyn ik it fijn sa, mei dy. En hwet rydstou bêst! Ik scoe wol altiten sa trochride wolle, altyd.
In skat wier se, in ingel, en dochs joech ik neat om hjar. Alde ljeafdes, se hiene sa folle mear west as dit ienfâldige boarterijke, sa fol sensaesjes: in himelheech opfearjen en in dûzeljende fal neitiid. Dit wier allegear sa deagewoan, sa plattelânsk, sa lef en lytsboargerlik, hjar praet, hjar permanintkrollen, hjar tûmwanten, hjar rûchwollen trui.
- Fynstou dy moanne net pràchtich, o moatst him ris yn det lâniis skitterjen sjen, krekt in spegel.
Forhip, ho hiet dy earste H.B.S.-skarrel ek al wer....
Hja hearde neat en praette mar en frege, foar 't ljeave faderlân wei. Ja, ik studearre noch altiten yn Grins. Ja, ik snie sims ek yn deade minsken om. Ja, ik hie sims ek forkearing, as hja det nou pèrfoarst witte moast.
- Mei deftige frouljue?
- Ja.
- As ek wol mei sokke sleauwe tutten as ik?
- Ek wol.
- Hwerom bist sa koart?
- Och neat ju.
Ik koe wol flokke: Hâld dyn bek. Ik hearde it klear: in rider efter ús. De streken kamen neijeroan, noch in pear hûndert meter, skatte ik op 't gehoar. Mar 't koe ek wol minder wêze.
- Hwerom bigjinst sa to jachtsjen?
Fordomd, hie se der den wier gjin bigryp fen?
- O samar ris. Ik forbiet my.
It gyng swier hjar efter my oan to slepen. Hja hime en slingere, dea ynein. Trochpiele mar, it gyng om dea. Miskien det it noch slagje scoe en helje de bûrren. En oars? Ik bitocht mei in wrange spyt, det myn kânsen lyts wierne, det ik myn ljeafdesbrieven net forbarnd en oare particularia net ût 'e wei bringe kind hie. Do, det ik neat hie om my mei to war to stellen, net iens in mes. En earlik sein ek gjin lef. Hja hime mar en knoffele swijend en noedlik efter my oan, neat bigripend fen 'e sitewaesje. It wier in hopeleas ûndernimmen sa
| |
| |
in fûleindige fijan foar to bliuwen. Hja koe net mear en ik hie net de energy mear om hjar stikke to litten en der sels út to naeijen mei kûgelsfeart, steld ris det it my rêdde kind hie.
Do glied hjar iene reed út en hja foel op 'e knibbel, slierde in ein foart. Fen 'e weromstuit skeat it my yn 'e rêch. It spil wier forlern, ik hold yn en holp hjar oerein, se gûlde sêft. It skeat troch my hinne myn tsjinstanner lok to winskjen mei syn oerwinning, as gou it de tûzen meter. Do stiene wy. Ik leau det hja der noch altiten gjin weet fen hie. Mar it kin ek oars west ha. Yn alle gefallen, dit stuit wieme hjar wirge en seare skonken de slimste fijân, en de moanne en ik al heal forgetten.
Do hearde ik in skerpe kras yn 't iis efter my en fielde in bierwalm yn myn gesicht en foart dêrnei in wrede pine yn myn skouder. Maeike gûlde lûder, hja rôp hwet, ik dûzele nuver yn 'e rounte, fen pine oermastere. Ik seach de stjerren wyld om 'e moanne hinne dounsjen, in freugdedouns fen kannibalen om in forsleine blanke. Do sloech de moanne mei in helle ljochtfeech troch it lâniis. Ik stiek yn myn swaei yette in earm út om Maeike to helpen, mar hy foel werom, slop. Ik wier yn 'e wâlskant delsakke twisken hirde reidstoppels en biferzen sniekwalster. Ik hearde yn 'e sûs praten, mar forstie it net, wit net ho lang it dûrre, ik seach dingen dizenich foar myn eagen forwegen, mar bigriep net hwet it wier. Do waerd it stil. Nei in skoftsje kaem ik sêftkesoan ta my sels en hearde Maeike en Germ freedsum togearre de feart delstreekjen. Grif hiene se it nou oer de moanne yn 't lâniis. Ik bleau sitten mei in holle fol lead, en mei in sloppe earm: oansketten fûgel mei in lamme flerk. En mei hwet fral en biljeaven net om 'e nocht wier: in ûntmoedigjende ‘failure in love’.
Miskien haw ik ek net oars fortsjinne.
|
|