De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 12] [p. 12] Anne Wadman: Ballade fen de poetes maudits For Tamme Tysker Sa lokjend driuwt de langstme ús sa wreed brekt eltse dream oan grús, det wy him net forneare kinne, mar fij fen ljeafde en sûnder thús, mank skoaijersfolk en moardgespús mei lietsjes lâns de doarren rinne. Wy toarkje om troch stoarm en rein en fiele ús skoudere en forslein, mar kinne wy 't net langer hirde, den sjonge wy ús waerm refrein, ynmoedich ont de bittere ein, al scil 't forhúnd, forachte wirde. Wy slepe, keal en sûnder skut, bienbitich, rudich, rûch fen bird ús bonkerak lâns libbens skerne. En binn' wy siik fen 't eigen wird: wy skikke heukrich om 'e hird by Frâns Villon, Rimbaud, Verlaine. Wy swarre trou oan dea en drank; oan divel, hel en swevelstank winskje w' ús faei bistean bisibbe. Mar as wy rymkje, o wiffe klank, den spiele wy ús sielen blank mei hwet oan reinens yn ús libbe. Prins, flok ús nêst Villon en dy mei 'n glimp fen dichterlik geny, as lêste fen Jins rynske ginsten: Meitsje ús in krûm poète maudit, ta eare fen de poëzy, de simpelste fen alle kinsten. (Ut: Op Koart Front) Vorige Volgende