De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 10] [p. 10] Fedde Schurer Psalm XLV Set yn, myn sang, det neat dyn lûd bistillet, Noudet my 't hert fen goede wirden trillet, Myn tonge is as in feard'ge skriuwerspin, Nou 't ik myn dicht in kening wije kin. O ljeaflikste ûnder alle minskeherten, De minlikens is op Jins lippen getten, Dêrom hat God yn Jo syn ginstling foun, En Jo syn seine en lok for ivich jown. Nou hingje, o Helt, Jins blinkend swird op side, Strui hope yn 't hert fen al hwa 't hoopleas stride, Haw heil! Ryd út, bisljuchtsje 't hillich pleit Fen wierheit, dimm'nens en gerjuchtichheit! Ryd út en hearskje hearlik as de sinne, En liz Jins ljocht oer alle folken hinne! Jins greate krêft scil alle tsjinwar slaen, Jins rjuchterhân scil wûnd 're dieden dwaen! Fûleindich scil Jins skerpe pylken flymje; De folken dy 't hjar dryst tsjin Jo forgrymje Hja falle ûnder Jo; hj' ûntkomme net; Jins flits kringt kenings fijân rjucht yn 't hert. De troan dêr 't Jo, o God, as kening sitte, Scil ivich fen gjin fal noch wank'ling witte, De hearskersstêf dy 't yn Jins hannen leit, In skepter is 't fen rjucht en binlikheit. Mei hate yn 't wrokjen fen 'e goddeleazen, Ha Jo gerjuchtichheit ta ljeafste keazen, Dêrom hat God, Jins God, Jo útforkard. Dêrom is Jo de hill'ge salving bard Mei freugde-oalje boppe al Jins broerren. Nou klinkt muzyk út de elpenbiennen toerren, Nou waeit ús út Jins klaed de swietrook ta Fen myrrhe en aloë en kassia [pagina 11] [p. 11] Prinsessen skitterje yn Jins pronkjuwielen; De keninginne, it neist Jins ear to dielen, Stiet glânzgjend yn it goud fen Ofirs lân Forhege en hearlik oan Jins rjuchterhân. O, hâld dyn ear nei him, o dochter, harkje! Lit al dyn langsten op dy weagen farkje! Jow hiel dyn herte oan dy sill'ge rûs - Forjit dyn lân, dyn folk, dyn heitehûs! De kening woe dyn skientme, o faem, bigeare - Fal him to foet; hy is dyn foarst en heare! Sjuch, Tyrus' dochter draecht dy jeften ta; De rykste ealljue wol dyn ginsten ha. Wêz' hiel de omjowing skitterjend en glindich, De breid is kleare hearlikheit ynwindich. Hjar staesje past op 't ynderlik bistean: Fen eal en kostber goudtried bin hjar klean. Yn steat en sier, mei prachtich bûnt bihinge, Sa scil men strak hjar ta de kening bringe. Jongfammen efter hjar; yn njue en nocht Wirde ek hjar boarters by Jo binnenbrocht. Wól mei hjar jubelsang en blydskip liede! Dit heil is 't alderheechste heil op ierde. Mei harpeklang, by goud en flonkerskyn, Gean hja de troanseal fen'e kening yn. Strak scille yn âffears plak Jins soannen wêze, Men scil hjar nammen ûnder de earsten lêze, En Jo, Josels, scille oan Jins rjuchterhân Hjar sette as foarsten oer Jins ljeaflik lân. Jins namme, heech boppe alle skatten achte, Dy bring ik yn 't ûnthâld fen slachte oant slachte, En alle folken scil Jins majesteit Erkenne en earje en loovje yn ivichheit. Vorige Volgende