De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 9] [p. 9] Petear mei God Foun op in fallene Amearikaenske soldaet Sjuch, God, noch nea ha'k mei Jo praet, mar nou Woe'k hast wol sizze: God, ho is 't mei Jo? Hja ha my destiids leard, der wier gjin God; En ik, healwizernôch, ik leaude det. Mar nou seach ik fennacht, nei 't striidgeroft, Ut in granaetkûle yn Jins stjerreloft. En 'k wist, hja hiene 't lychd. Ho koe 'k ek sa En hâld myn eagen for Jins wûnders ta? Ik bin binijd, God, eft Jo nei safolle Dom ûnbigryp my noch de hân jaen wolle, Mar djip yn my ha'k dochs sa'n fêst gefoel Det Jo forsteane ho't ik 't krekt bidoel. Moast'k derfor earst yn dizze hel bidarje, En kin'k Jo hjirwei pas yn de eagen stoarje? Hawar, myn wirden dogge'r ek net ta - Mar ik bin bliid det ik Jo metten ha. Faeks is't for my mei gauwens neare nacht, Miskien det strak myn lêste ûre slacht, Mar'k bin net bang as ik it libben lit, Nou 'k Jo dochs altyd om en by my wit. Dêr is't signael: nou God, ik moat derhinne. 't Is sa wol goed, Jo scill' Jo net forsinne. Hwa wit, ('t scil heislik op in fjuchtsjen gean) Eft ik fennacht net foar Jins drompel stean. Myn libben stelde Jo grif slim toloar - Scill' Jo my lykwols opwachtsje oan Jins doar? Sjedêr, ik skriem - det wier'k allang ûntwend; Hwerom ha'k Jo ek al dy tiid net kend? Kom God, ik moat nou nedich foart; good bye - 't Is goed, ik bin net bang mear om hjirwei. Fortaling Fedde Schurer Vorige Volgende