De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 8] [p. 8] Freark Dam: Madonna For Pytsje Yn 't Easten stiicht in stille stjer: Ik wit it wer, it wit it wer, Det, hwer 't ik rinne of reizgje mei Dyn ljocht giet noait wer by my wei. Stil en meilydsum stoar de dei, Dyn treast giet oer de klingen mei, De lange tsjustre leanen troch As ik dyn treast wer blinken sjuch. En dit giet boppe Wet en Wird. Fier is 't, dochs nei en goed en great. Myn eigen flam is neat dêrby En ljochtsje 'k al, 'k wjerspeeglje dy. O sang yn 't rythme fen it bloed: It lok is nei, it lok is hjoed! Dyn skyn is sa sereen en stil Det ik dyn hannen op my fiel. Wêz groete dou, wêz groete dou. Forjow my, det ik bid en leau; Det ik dyn macht bikenne moast, Dit ivich stjerrebyld: dyn each, dyn boarst. Yn 't Easten stiicht in stille stjer: Ik wit it wer, ik wit it wer. Ut de to forskinen bundel ‘Under fjouwer eagen’ Vorige Volgende