De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 6] [p. 6] D.A. Tamminga: De pionier Hjir naem in ein it lûde skrikbiwâld Fen tiid en ûre, minske en machine. It libben wol wer inkelfâldich skine. In beammen hûs oan oerbosk ieuwenâld, In frou, in eker; en yn 't binnenst wâld De stim fen kloer en tosk dy't elkoar fine. Ik stean yn dream dêr't de lianen wine En priizgje stil de wet fen selsbihâld. En hja dy't sêft en út myn ribbe boud Is, bakt it goede brea en fandlet hout. En waerme jachtbût hinget oer to brieden. Ik rûk it wyld, ik bûg my swijend oer De jonge frucht, en 'k hear fen toer ta toer Al klokken from oer de lânsdouwe lieden. (for P.P.M.) [pagina 7] [p. 7] D.A. Tamminga: De flagellant Sprinkhoanne en wylde huningskiven deis En nachts in ingel dy't myn lippen roerde. Untboun it boetekleed en 't weeldrich fleis Kastijende mei girdle en giselroede, Sa wit ik my in spylbal fen Gods woede. De mannichte komt gear op 't merkeplein. In wrâld baernt him tonein yn reade gloede. Hja toarkje op my en roppe: Unrein, ûnrein! Mar op 'e joun wiuwt ien myn wounen koel. Ik wit my bern fen in forkeazen folk. Yn mimer liz ik drinkend oan in poel, En 'k reizgje God tomjitte op Syn wolk. De kimen spjalte en in wrâld moat stjerre: Hja scil de koekút net mear roppen hearre. Vorige Volgende