yn mannichte, de bitsjutting fen it Frysk yn it iepenbiere libben woun oan, nije organisaesjes mei greate fiersichten waerden stifte, der gyng in weach fen Frysk libben oer it âlde lân.
En der wier in net to bistiljen frage nei Fryske boeken: de lêshûnger fen in folk det krekt syn analfabetisme to boppe kommen is. Fierders fielde men ho langer ho klearder det Fryslân net op himsels stie, mar bihelle wier yn alle greate fragen fen wrâld en tiid.
Economy, sociology, polityk - det wierne de dingen dêr't binammen ús studearjende jongerein it Fryske ho en hwet fen witte woe.
As men yn dy tiid for in Frysk studinteselskip in lêzing hold oer dichtkinst, den forlei it petear him yn in omsjuch fen de sonnetten fen R.P. Sybesma nei it Russyske fiifjierreplan, ef, in pear jier letter, skeakele men sûnder erch oer fen Gerben Brouwer op Jan Melles v.d. Goot. De frage: sjongt Fryslân? wier wirden: libbet Fryslân?
By de Fryske biweging sa't wy dy nou kenne hat de litteratuer yn 'e foarhoede stien, wier de dichter wachter en pionier; de stim fen 'e roppende, sjender fen hwet komme moast, mar der yette net wier. Hy wier liedend en wêzentlik illemint yn'e biweging, dy't yette sa'n útspritsen litterair karakter hie, det Sipke Húsmans yn 1920 sizze koe: ‘For ien goed dichter lit ik tsjien karbrieven waeije.’ Det scil hjoed gjin forantwirdlik lieder mear sizze. De biweging nammers hat yn'e rin fen'e jierren in oar oantlit krige, en de litteratuer in oare bitreklike wearde; hja is net mear it ien en it al yn it biwegingstotael. It is langer net de dichter, dy't út de aerd fen'e saek it liedende plak ynnimt; hy is forfongen troch de ingenieur. En dy lit, en det moat er, for in goede konstruksje tsjien dichters waeije.
De skriuwer hat syn tsjinst as wêzentlike biwegingsfactor dien; de biweging moat hjar losmeitsje fen hjar erflike litteraire bining en eigen brede wegen gean.
Dit mei somlike romantici ta mankelikens stimme, de measten ûnder ús hawwe foldwaende realiteitsbigryp om to forstean det it sa moast en net oars, en ek om yn to sjen det hjir in