De geast fan muoike Gryt en oaren
Joop Boomsma
Marten Sikkema, De wrâld wol ferrifele wurde. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 1998. 222 siden. f 28,50.
It ferhaal fan de skriuwer Marten Sikkema is fierste min bekend by ‘it grutte publyk’. Dat is spitich, want wat past it moai yn de rige ‘fan bakkersfeint oant miljonêr’. ‘Fan Hollânse ûnderdûker oant bekroand Frysk auteur’ yn dit gefal. Mar wy dogge yn de Fryske literatuer net oan pr, ha wy noait dien. Wy doare te uzes gjin breed swee te slaan (stel jo foar, dat ‘se’ ús opskeppers neame!), dat de Marten Sikkema-stoarje bleau in ferhaal yn de marzje.
Dochs. Govert Gezelle Meerburg, yn 1918 berne yn Utrecht, rekke yn de oarlochsjierren as ûnderdûker yn Fryslân. Sunder mis yn Frysk-literêr fermidden, want de jonge nearlandikus learde him it Frysk oan, waard nei de oarloch Marten Sikkema: oersetter, dichter, proazaskriuwer. Yn 1961 waard syn dichtwurk bekroand mei de Gysbert Japicxpriis. - De ‘Hollanner’ dy't Frysk-literêr monumint waard!
Ik learde it wurk fan de dichter Marten Sikkema kennen doe't ik twaddehâns guon fan syn bondels op 'e kop tikke. Dy fersen haw ik lêzen en nochris lêzen. Wat in prachtich Frysk-poëtys lûd fûn ik dat. Oarspronklik. Moai moai. Ferbjustere wie 'k doe't ik syn achtergrûn fernaam.
Ut en troch kaam ik in ferhaal fan Marten Sikkema tsjin. Yn sammelbondels dy't ik foar 't measte ek antykwarys by elkoar fandele: Sawn is in galgefol en De grize oer de grouwe bygelyks. Mar ek yn âlde jiergongen fan De Tsjerne en De Strikel. Sikkema wie sadwaande foar my benammen in ferhaleskriuwer fan foar myn tiid (dy't wat de Fryske skriuwerij oanbelanget om 1968 hinne begûn). Net sa botte nijsgjirrich eins, dy ferhalen. Yn bytsje yn it sok fan it wurk fan Jo Smit en Geart Jonkman. Fûn ik doe. Ik hie mear hâld oan syn fersen. Tiidleas moai.
Ferline jier waard Gezelle Meerburg 80 jier. Ta dy gelegenheid ferskynde De wrâld wolferrifele wurde, in kar fan 32 ferhalen fan Marten Sikkema - ‘út de rispinge fan in goed heale ieu’.
Lit my oer dizze bondel daalk dit sizze: de ferhalen lêze as in spoar, letterlik. Soms dindert it, soms sûzebollet it monotoan, giet it skerp troch de bocht, heakket it - stiet it ho. De wrâld wolferrifele wurde is in bondel dy't beskôge wurde kin as ferfeelsum, mislearre. Mar tagelyk as tige lêsber, ûnderhâldend. Ek kwalifikaasjes as ‘te folle fan itselde’ en ‘datearre’ komme op. Likegoed kin ik ek ‘benearjend, spannend’ en ‘knap ferteld’ skriuwe.
Koart sein: dizze sammelbondel fan de ferhaleskriuwer Marten Sikkema makke my yn 'e war, brocht my soms op 'e doele - ik fielde my faak ferrifele omt gâns (te folle) ferhalen net brochten wat de earste alinea's oprôpen.
Sjoch, it soe yn dizze bondel gean om de rispinge fan in heale ieu skriuwerij. No, dêr leau ik gjin barst fan. Ik bin der wis fan dat fierhinne it grutste part fan de ferhalen yn dizze bondel yn it earste desennium nei de oarloch skreaun binne. Troch in jonge Utrechtse nearlandikus dy't aardige ferhalen