Altyd wat!
Tr. Riemersma
Lilk wêze is minsklik, lilk bliuwe is duvels...
Fergees socht ik op 'e flaptekst fan it foarige nûmer om de personalia fan Steven de Jong. Helendal neat. In fersin? Wie de redaksje der mei oan? Ik hie wol in pear suggestjes hân: Steven dejong, lilk man te Gytsjerk. Trochdrammer út 'e Trynwâlden. Hanler yn selsboude koal.
Moat ik dit allegearre noch serieus nimme? Ien lilk stik, dat gunt men de man. Hy hat in minne resinsje hân, en dus moat de kritikus in pak op 'e beolich hawwe. Hy hellet der fan alles by om oan te toanen dat it net sasear om dy minne resinsje giet, mar om heel oare dingen: dy resinsint is deagewoan net kapabel. Sjuch mar, dit hat er skreaun en dat hat er skreaun, dy fint is net wiis!
Dat begripe wy fansels wol, of leaver: wy sjugge der dwars trochhinne. Steven wol fertsjusteremoanje dat er duvels is om dy minne resinsje, en mei dat te besykjen, leit er der noch mear klam op dat it him om dy minne resinsje giet.
Dat is net slim, wy binne allegear wolris lilk. Mei rjocht of te'n ûnrjochte. Yn 'e literêre wrâld wurde klappen omparte en moatte klappen opheind wurde. It is ek neat net slim dat Jabik Veenbaas in klap foar de kop krijt, dêr wurdt er grut en sterk fan. Mar dêrmei hie it wol út wêze moatten. Steven hat syn gram helle. Klear. Punt.
Steven lykwols wit fan gjin ophâlden. Hy giet troch mei it sykjen fan arguminten dy't oannimlik meitsje kinne dat Jabik Veenbaas in earsten kloat is. Mar dat slagget fansels net. Veenbaas is gjin kloat, it is gjin machtsgeile man, it is gjin kontkrûper. Ik ken Veenbaas as in aardige fint, in earnstich ûndersiker fan 'e Fryske literatuer en in earlik kritikus.
De arguminten dy't Steven byinoar tôget, binne net gaadlik om it ûngelyk fan Veenbaas oan te toanen. Earlik sein, ik bin it mear iens mei Veenbaas as mei Nauta en Steven de Jong. Ik ha der gjin nocht oan om dêr wiidweidich op yn te gean, net yn dit kader. Ik wol dêr wol oer prate, mar net relatearre oan 'e fraach oft Steven syn boek al of net min is en oft Veenbaas al of net in kapabel kritikus is.
It hie my eigentlik leaver west dat Steven al de grime dy't er oer Veenbaas útstoart yn syn boek treaun hie. Want dat is it probleem fan De spylman op it binnenpaad: it is in aardich boek, mar der sit gjin fergif yn en der rint gjin bloed út. Achterôf hie ik ek wol wollen dat Veenbaas in gemene, rottige resinsje skreaun hie, dat er Steven delsabele hie. Faaks hie dat Steven ynspirearre ta in roman fan heech gehalte, lykas De Wuttelhaven del.