Trioel
De tegels wurde swier
Ut en troch, in pear kear jiers dochs wol, reizgje ik ôf nei it westen fan Nederlân mei it eksplisite doel in boekemerk mei te meitsjen. Meast bin ik dan lêzer, in keaper. Yn alle gefallen immen dy't foar de diskes lâns giet. Diskes dy 't yn in lange rige oan 'e dyk stean (Amsterdam, Utrecht), dy't om in plein drapearre binne (Rotterdam) of dy't opsteld binne op de fjirde ferdjipping fan sa'n grut keaphûs (Amsterdam). Ik wurd dan besprongen fan skriuwers en skriuwsters (mei in nammekaartsje op it boarst) dy't my harren lêste produkt oansmarre wolle. Faak mei de opmerking ‘dit is krekt wat foar jo’. Meastentiids glimkje ik dan. En ik rin fierder. In inkele kear lykwols reitsje ik yn petear mei in auteur en soks is aardich. Sa'n man of frou is net altyd like lokkich mei wat ferwachte wurdt (fan de útjouwer) en fynt it tige nijsgjirrich om te praten mei immen dy't yndied in pear boeken lêzen hat.
Soms bin ik dêr as auteur. Dan mei ik as in monumint achter in tafel stean en fan my wurdt dan ferwachte dat ik tsjin in twivelriedige foarbygonger rop: ‘Dit is krekt wat foar jo.’ Soms smar ik immen in boek oan wylst ik wit (en de keaper wit dat ek): dit is net sa't it heart, dit is in ferkeapersgrap - it giet om de hântekening (it ultime bewiis dat ik de auteur echt wier hartstikke libbensliif moete haw).
As auteur haw ik middeis rjocht op in waarm miel (jo krije dêr in bon foar) en nei ôfrin fan sa'n boekemerke wurde broadsjes iten en omraken slokjes ynnommen. Allegear op kosten fan de organisator (of sa). Gjin harsens dy't him dêr om bekroadet. En der is muzyk. Der is altyd wol in band of in groepke of in solist(e) mei in gitaar dy't it praten ûnmooglik besiket te meitsjen.
Dat wit ik, dat meitsje ik mei.
En dan lês ik in stikje fan Meinou P. oer de Fryske boekemerk yn Drachten. Sa dom, sa provinsjalistys simpel - ik tink: wat goedkeap om hjir badinearend oer te skriuwen. Krekt dwaan as soe de Fryske boekemerk yn Drachten in folkloristys (Frysk) barren wêze. Kom ris fierder as de Fryske grins, Meinou P. en sjoch dat de Fryske boekemerk op gjin inkele wize ôfwykt fan in boekemerk yn Amsterdam, Utrecht of Den Haag.
Joop Boomsma