hâldt der bytiden in wat eigenaardige diksje op nei en hy sjongt eamelich en falsk.’ Mar dan folget dêrop: ‘Ik fyn dat ien fan de sjarmes fan dizze man.’ Fierders seit G.v.d.V.: ‘Meindert Talma sjongt hjir en dêr aardich ûnwis en falsk’ en: ‘Guon teksten binne de lullige kant neist.’ En ek noch: ‘Ut de Hollânske teksten moat ik in ûnstjerlike (sic) rigel sitearje: “Onze Johan, die heeft ook altijd wat, nu is ie weer (sic!) dood”.’ Fan sa'n perverse geast seit G.v.d.V.: ‘Wa't soks op papier krijt, hat by my in streekje foar.’ Sis my wa't jo freonen binne en ik sil sizze wa't jo binne.
Dizze cd fan Meindert Talma & The Negroes is dus likemin behyplik as geniaal. En as er al geniaal neamd wurde moat, dan moat men wol betinke, dat dizze geniale ‘madcap’ ek wakkere gek yn 'e plasse is. Genialiteit leit no ienris gefaarlik ticht by dwylsin. Men kin jin dus ôffreegje, oft men net earder begrutsjen ha moat mei dy falske sjonger. Dy kin ommers net oars omdat er falsk is, sa falsk as it wetter djip is. Yn elts gefal moat men rekken hâlde mei de dwylsin en hallusinaasjes fan in man allinne yn syn near bestean, dat taskreaun wurdt oan syn fine ‘achtergroon’ (bedoeld sil wêze eftergrûn) te witten syn grifformeard ferline. ‘Hy naait ús yn 'e sek; gjin wurd fan te ferstean, mar dat nukt neat.’ (Krektoarsom, dat nukt alles.) Mear boadskip is der net, ‘ympekt’ (bedoeld impact?) noch minder. De kritikus einget mei: ‘It sil de lêzers dúdlik wêze, dat ek dit stik [fan G.v.d.V] sa njonkelytsen mear seit oer de besprekker sels as oer it besprutsene.’
Spitich, want de kritikus hie de lêzers ek warskôgje kinnen foar de streken fan de trochtrape, mar net ferhûddûke neger út Surhústerfean. De duvel kin yndied moai oargelspylje, mar de lêzer wol net twongen wurde te harkjen nei de einleaze rige falske toanen, dy't Hantsje Pik spilet. En de redaksje wit skoan, dat Blauwe Fedde om 'e hoeke fan de doar stiet. Wêrom it skoander en djoer papier te fergriemen oan in plaat mei de wearde fan skythúspapier? Hawar, sa lang der libben is is der hope, sels foar in tûke útjouwer en in falske smjunt, dy't himsels geniaal achtet. Mar as de mole ienkear troch de fang is, is er net te hâlden.
Klaas Innes Bruinsma